Slachtoffers treinûngelok Boazum binne man (79) en frou (79) út Schagen

De twa slachtoffers fan it treinûngelok by Boazum op sneontemoarn binne in 79-jierrige man en in 79-jierrige frou út it Noard-Hollânske Schagen. Dat hat de plysje sneontejûn bekend makke.
© AS Media
In trein botste by in spoaroergong sûnder tafersjoch op de auto fan de slachtoffers, dy't op dat stuit noch yn de auto sieten. De twa ynsitters binne op it plak sels ferstoarn.
De oarsaak fan it ûngelok is noch net bekend. De plysje docht ûndersyk nei de tadracht.