Einoerwinning yn Allianz Regatta út sicht foar Bouwmeester

Marit Bouwmeester hat in minne dei efter de rêch by de Allianz Regatta yn Medemblik. De sylster fan Warten waard yn de sânde en achtste race respektyflik njoggentjinde en alfde. Dêrmei is se al sa goed as útskeakele foar de einoerwinning. Yn de Nacra-klasse is Laila van der Meer fan Grou wol al wis fan de titel.
© ANP
Bouwmeester stiet yn de Laser Radial-klasse no op it fiifde plak. De wedstriid yn Medemblik is foar de olympysk kampioene fan 2016 de lêste test foar de Spelen fan kommende simmer. In blessuere oan de earmtakke soarget derfoar dat har tarieding diskear net optimaal is.
Mirthe Akkerman fan Akkrum stiet op it trettjinde plak yn it klassemint. Marissa IJben fan It Hearrenfean nimt it 47e plak yn. Op snein stiet de njoggende race op it programma en dêrnei folget noch de medal race.

Manlju

De Friezen Willem Wiersema en Thomas Westerhof dogge by de manlju yn de Laser Radial-klasse net mei om de prizen. Se steane nei acht races respektyflik op it 34e en 58e plak.

Oerwinning foar Van der Meer

De, nei alle gedachten, iennige Fryske medalje op de Regatta fan Medemblik komt yn hannen fan Laila van der Meer fan Grou. Yn dy klasse sitte je mei twa persoanen yn de boat. Van der Meer sylt tegearre mei Bjarne Brouwer.
It duo stiet mei allinnich noch de medal race op it programma op it earste plak. It Dútske duo Jesse Lindstädt en Jill Paland kin se yn de slotrace lykwols net mear ynhelje.