Drege wike foar Snitser follyballers by Oranje yn Nations League

05 jun 2021 - 21:01

De Nederlânske follybalmanlju hawwe in drege wike efter de rêch yn de Nations League. Der waard ferlern fan Iran (0-3), Slovenië (0-3) en Argentinië (0-3). Op freed wie Oranje mei de Snitsers Steven Ottevanger, Bennie Tuinstra en Gijs van Solkema wol te sterk foar Dútslân (3-2).

Gijs van Solkema - Foto: Orange Pictures

"We moeten niet vergeten dat we hier met de beste zestien teams van de wereld staan, dus het is niet vanzelfsprekend dat we ieder potje hier winnen. Maar het is nog steeds niet mooi dat je veel verliest natuurlijk", seit Van Solkema.

"We spelen wel tegen de absolute top van de wereld. Voor ons team is het alleen maar goed om veel van dit soort wedstrijden te spelen", fynt de 23-jierrige follyballer.

Spyltiid

Van Solkema mocht noch mar ien kear yn de basis begjinne. Dat wie yn de wedstriid tsjin Iran. "Tot nu toe draaien we veel door in onze opstellingen. We spelen in heel veel verschillende samenstellingen", seit de Snitser.

"Het zijn in een maand vijftien wedstrijden. Er komen er nog negen aan, dus er zijn nog kansen zat", seit Van Solkema.

Neist Van Solkema spylje der noch twa Snitsers by de Oranje-manlju: Bennie Tuinstra en Steven Ottevanger. De manlju sitte foar de Nations League in moanne lang yn in bubbel yn it Italiaanske Rimini. Dêr hawwe se in soad oan inoar. "De Sneker jongens hebben onderling goed contact. Het schept toch een band, dat is wel grappig."

Harren Sniters kollega's by de froulju, Hester en Marrit Jasper, sjogge se net in soad. "Wij kunnen de dames niet ontmoeten, want die zitten in een heel ander hotel. We komen elkaar hooguit tegen in de hal, als zij trainen en wij wedstrijd hebben of andersom. Maar dan heb je nooit echt veel tijd om bij te kletsen", sa seit Van Solkema.

Gijs van Solkema út Rimini wei yn petear mei Geert van Tuinen

Tuskenstân

Mei ien oerwinning út seis wedstriden stiet Nederlân no op it fjirtjinde plak. De bêste fjouwer lannen nei fyftjin wedstriden meitsje yn de finalen úteinlik út wa't de winner wurdt fan de Nations League.

Stân by de manlju

Team Punten
1. Poalen 15
2. Brazilië 15
3. Frankryk 14
4. Ruslân 13
5. Slovenië 12
6. Servië 11
14. Nederlân 3

Froulju

De Nederlânske froulju, mei dus de suskes Jasper, dogge it in hiel stik better as de manlju. Dizze wike waard der wûn fan Tailân (3-0) en Servië (3-1). De Feriene Steaten wiene op tiisdei wol mei 3-0 te sterk.

Jasper-en-dy steane no op mei fjirtjin punten op it fiifde plak. Ek by de froulju meitsje de bêste fjouwer nei fyftjin wedstriden út wa't de Nations League wint.

Stân by de froulju

Team Punten
1. Feriene Steaten 18
2. Turkije 16
3. Brazilië 15
4. Japan 14
5. Nederlân 13
6. Servië 10
(Advertinsje)
(Advertinsje)