Para-amazône Rixt van der Horst foar it earst Nederlânsk kampioene

05 jun 2021 - 19:08

Para-amazône Rixt van der Horst is sneon mei har hynder Findsley foar it earst yn har karriêre Nederlânsk kampioene wurden. De dressuerrydster fan Grou is de meast suksesfolle para-amazône fan Nederlân, mar dizze titel ûntbruts noch op har palmares. Van der Horst waard al wol fiif kear wrâldkampioen en twa kear Europeesk kampioene.

Foto: Orange Pictures

"Einliks, it doel is fansels Tokio mar dit is dochs wol hiel moai", sei Van der Horst nei de wedstriid. "Dizze titel is in moaie tafoeging oan myn prizekast. It is myn earste, mar hy heart der ek seker by nei meardere wrâldtitels."

Paralympyske Spelen

De fokus fan Van der Horst giet no op de Paralympyske Spelen yn Tokio, dy't yn augustus fan dit jier plakhawwe. Yn de kommende wiken hopet se noch wat stappen te setten mei har hynder. "Der sit noch hieltyd ferbettering yn. Se groeit noch mei de dei. We foarmje hieltyd in bettere kombinaasje. We dogge it echt tegearre", seit Van der Horst.

"We binne drok dwaande om de opgeande line troch te setten en op ús top te wêzen yn Tokio", sa seit de amazône.

Seleksje

Nei dizze wedstriid folgje der noch twa wedstriden op de kalinder fan de amazônen. Dêrnei makket bûnscoach Joyce van Rooijen-Heuitink har definitive seleksje bekend foar de Paralympyske Spelen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)