Rederij Doeksen-boat leit mear as twa oeren stil op Waadsee troch steuring

De nije boat MS Willem Barentsz fan Rederij Doeksen hat sneon mear as twa oeren midden op de Waadsee stillein. De boat hie in stroomsteuring en hie it anker útgoaid. Der wiene ynklusyf de bemanning goed 200 passazjiers oan board. De boat kaam om 16.35 oere stil te lizzen en kaam om 18.48 oere foar it earst wer yn beweging troch in sleepboat.
© Omrop Fryslân, Lennard Geerts
It skip gie om 15.05 oere fuort út Harns en hie om 16.55 oere by Skylge wêze moatten. Om 19.18 oere kaam it skip ûnder begelieding fan in sleepboat oan yn de haven fan Skylge en koene de passazjiers fan board.
It is net de earste kear dat de Willem Barentsz te krijen hat mei in technysk mankemint. Yn july fan 2020 waard de boat twa dagen nei de earste tocht tydlik út de feart helle.
It skip MS Friesland naam de tsjinstregeling sneon fierder oer. De fertraging fan Skylge ôf koe dêrtroch beheind wurde oant 45 minuten.