Skûtsje Verwisseling folbringt Alvestêdetocht dei earder as ferwachte

Skûtsje Verwisseling hat de Alvestêdetocht folbrocht: in rûte fan mear as 220 kilometer, mei begjin en ein yn Yndyk, de thúshaven fan it skûtsje oan de Hegemer Mar. It skûtsje kaam om 14.45 oere oan. In dei earder as ferwachte.
© Martin de Jong
"Er waren heel veel wateren waar we nog nooit door heen hadden gevaren, maar daar ging het schip goed doorheen", seit Bas Krom fan it skûtsje. De silers krigen ek in soad help fan de brêgewachters op de rûte.
It skûtsjeteam gie de útdaging oan fanwege in crowdfundingkampanje foar in nij grutseil. Yntusken hawwe se likernôch 15.000 euro fan de totale 18.000 euro ophelle. De groep sil noch in wike lang trochgean mei harren aksje en hopet dan de lêste 3.000 euro op te heljen.
Bas Krom fan skûtsje Verwisseling