Judoka Tsjakadoea makket comeback op WK: "Ik schat mijn kansen hoog in"

05 jun 2021 - 16:20

Trije Friezen stride fan snein ôf yn Boedapest om de wrâldtitels by it judo. De berne Ljouwerter Tornike Tsjakadoea, Sanne Vermeer fan Stiens en Natascha Ausma fan Lippenhuzen. Tsjakadoea is de earste dy't yn aksje komme sil. Hy striidt snein yn de klasse oant en mei 60 kilogram om it goud.

Tornike Tsjakadoea oer syn kânsen op it WK:

De berne Ljouwerter rekke yn april noch besmet mei it coronafirus en moast dêrtroch it EK yn Portugal en de Grand Slam yn it Russyske Kazan ôfsizze. "Ik was totaal niet fit. Nu ben ik weer terug aan het komen en ben ik op zich wel weer fit", seit de 24-jierrige judoka, dy't earder dit seizoen noch brûns pakte op de Doha Masters yn Katar.

"Het is natuurlijk altijd vervelend. Ook in aanloop naar de Spelen wil je natuurlijk dat je in het laatste half jaar fit blijft en de toernooien goed draait. Dat is wel even een klap geweest, maar moet je als sporter ook weer uitkomen", seit Tsjakadoea.

Foto: Orange Pictures

Op it WK makket Tsjakadoea syn comeback op de tatami. Bang dat hy syn foarm ferlern is, is hy lykwols net. "Ik heb geen angst, nee", seit Tsjakadoea. "Je gaat op de mat natuurlijk trainen en als je traint en je voelt je goed. Dan weet je dat je het bij de wedstrijd ook kan doen."

Olympyske Spelen

Op 24 july komt Tsjakadoea al yn Tokio yn aksje op de Olympyske Spelen. Dochs sjocht hy it WK net allinnich as in testmomint. "Ik zie het WK en de Spelen echt als twee grote meetmomenten. Het is natuurlijk een wereldkampioenschap, dus dan wil je ook echt het beste uit jezelf halen. Maar ik weet wel dat een maand daarna de Spelen natuurlijk weer zijn, dus ik moet wel gefocust blijven", seit de judoka.

Kânsen

Tsjakadoea wol dan ek neat oars as in gouden medalje op it WK, en dat moat neffens him kinne. "Ik schat mijn kansen hoog in. Als je kijkt wat ik de afgelopen tijd heb laten zien, dan vind ik dat ik daar wel op het podium kan staan."

Gau tefreden sil hy dan ek net wêze: "Alleen als ik een medaille heb. Het liefst goud", sa seit Tsjakadoea.

(Advertinsje)
(Advertinsje)