Delgong yn tal besmettingen set troch, leechste gemiddelde sûnt septimber

05 jun 2021 - 15:21

Der binne yn Fryslân yn de ôfrûne 24 oeren 32 nije coronabesmettingen registrearre. Dat meldt it RIVM. Dat binne der 23 minder as freed. Doe gie it om 55 besmettingen. Yn trochsneed wiene it der yn de ôfrûne wike 62 deis. Op 29 septimber wie it gemiddelde foar it lêst leger, doe wiene it der 55 deis.

It deistige tal besmettingen fan de lêste trije wiken (komt de grafyk net goed yn byld, klik dan hjir):

De measte nije besmettingen binne meld yn de gemeenten Ljouwert (9) en Hearrenfean (5). Dêrnei folget de gemeente Noardeast-Fryslân mei fjouwer besmettingen.

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren gjin nije stjergefallen meld as gefolch fan it coronafirus. Der binne ek gjin persoanen mei it coronafirus yn it sikehûs opnaam.

It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):

Lanlik binne 2.160 nije coronagefallen registrearre. Yn trochsneed wiene it der yn de ôfrûne wike 2.441 deis.

Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op omropfryslan.nl/corona.

Trefwurden: 
RIVM coronafirus besmettingen
(Advertinsje)
(Advertinsje)