Zero Waste yn Ljouwert: yn 'e kunde komme mei ferpakkingsfrij boadskipje

05 jun 2021 - 13:50

Mei in tocht by ferskate winkels yn de binnenstêd fan Ljouwert del kinne minsken sneon yn de kunde komme mei ferpakkingsfrij boadskipje. Yn groepkes fan twa of trije minsken wurde se mei help fan in app nei de winkels laat, dêr't dat mooglik is.

Zero Waste-kuiertour yn Ljouwert:

Want guod keapje sûnder ferpakking kin op hieltyd mear plakken, mar it is noch altyd mar in hantsjefol winkels. En dat moat oars, fine de inisjatyfnimmers.

Je kinne in kuier- of fytstocht by Zero Waste-lokaasjes yn de eigen omkriten dwaan. Yn Ljouwert wurde ferskate tours organisearre yn lytse groepkes. Dêrby wurdt op syn minst in besite brocht oan fiif lokaasjes. De dielnimmers kinne dan bygelyks mei ûndernimmers yn petear.

Ferpakkingsearm boadskippen

Yn Ljouwert waard sneontemoarn sammele op it Aldehoustertsjerkhôf. Yn de binnenstêd binne allerhanne winkels dy't omtinken hawwe foar Zero Waste, seit Mirelle Rouw . "Zero Waste is een beweging waarmee mensen proberen om zo weinig mogelijk footprint en plastic op de aarde achter te laten. Dus verpakkingsarm boodschappen doen. Dat je eigen pakjes en zakjes meeneemt naar de winkel, en dat die daar ook welkom zijn."

Ferslachjouwer Wytse Vellinga yn Ljouwert

Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

Neffens har steane winkels der wol foar iepen. "De beweging wordt steeds groter. En met deze tour willen we de bewustwording ook groter maken. Er zijn winkels die het lastig vinden, maar ook bij de grotere supermarkten begint het meer mainstream te worden. Het komt op gang, dat is een fijn gegeven."

Minder ôffal

"We doen mee omdat het een goed initiatief is om minder afval te produceren," seit ien fan de dielnimmers yn it groepke. "Ik probeer er op te letten met het boodschappen doen. Nu moet ik wel zeggen dat het niet altijd lukt. Ik bestel nog wel eens online, dan komt het binnen met een enorme hoeveelheid plastic. Dan baal ik dat ik vergeten ben om daar aan te denken. Maar ik wil eigenlijk zo veel mogelijk van het afval af," seit in oar.

De Zero Waste Tours hearre by de Week Zonder Afval en it giet om in gearwurking mei MilieuCentraal en WAAR.

(Advertinsje)
(Advertinsje)