Twa ynsitters ferstoarn by botsing tusken trein en auto yn Boazum

05 jun 2021 - 10:55

By in oanriding tusken in trein en in auto yn Boazum binne sneontemoarn twa minsken om it libben kaam. It ûngelok barde by de spoaroergong oan de Singel, noardlik fan it doarp. De twa ynsitters binne op it plak sels ferstoarn. Der binne ferskate helptsjinsten oanwêzich. Der wurdt noch ûndersyk dien nei de oarsaak.

Sneon botsten in auto en in trein yn Boazum:

It giet om in spoaroergong sûnder tafersjoch. It dykje Singel rint allinne mar oant miny-kamping Nij Wybranda ta.

100 meter meinommen

Wurdfierder Bert Sietzema fan de plysje jout oan drok te wêzen mei it ûndersyk. "Wy hawwe noch net in idee hoe't dit krekt barre koe. Wy witte dat in passearjende trein in auto rekke hat. De trein hat de auto sa'n 100 meter meinommen oer it spoar."

Wurdfierder Bert Sietzema fan de plysje

Neffens Sietzema is de plysje ek dwaande om de identiteit fan de ynsitters fêst te stellen. "Wy wolle graach tsjûgen hearre. Wy prate ek mei de kondukteur en dogge ûndersyk nei de spoaren op it plak fan it ûngelok." Dat kin neffens Sietzema noch wol oeren duorje.

Yn de trein sieten njonken de masinist noch trije minsken. "Sy binne net ferwûne rekke. Dizze reizgers hawwe yntusken harren reis ferfette."

Gjin treinen tusken Ljouwert-Snits

Troch de oanriding ride der gjin treinen tusken Ljouwert en Snits. Ferfierder Arriva set bussen yn tusken Ljouwert, Mantgum, Snits-Noard en Snits, mar reizgers moatte rekken hâlde mei langere reistiden. De ferwachting is dat it opûnthâld noch grif oant 16.30 oere duorret. De treinen tusken Snits en Starum ride wol, sa meldt Arriva.

Foto: AS Media

Twadde ûngelok by deselde spoaroergong

Dit is net de earste kear dat der in ûngelok bart by de spoaroergong yn de Singel. Op 8 july 2019 botste dêr ek al in trein op in auto: doe kaam de bestjoerder mei de skrik frij. Nei dat ûngelok joech spoarbehearder ProRail oan dat sy drok binne mei de planfoarming foar it fuortheljen fan spoaroergongen sûnder tafersjoch.

It ûngelok dat yn 2019 barde - Foto: CAMJO media / Robert Jan Boonstra

Aldert Baas fan ProRail neamt it deadlike ûngelok by Boazum ferskriklik. "We zijn ondersteboven van de ernst van het ongeluk. Als er mensen omkomen, dan is dat ingrijpend. Wij leven mee met de nabestaanden."

Ek ProRail is yn ôfwachting fan it ûndersyk nei wat der bard is en hoe't dat barre koe. "Het gebeurde op een overweg zonder bomen of bellen. Het is wel duidelijk dat zulke overwegen gevaarlijk zijn en dat we daar vanaf moeten. Dat wil ProRail heel graag, we werken er met man en macht aan."

Trefwurden: 
trein Boazum botsing singel
(Advertinsje)
(Advertinsje)