Faksinaasjelokaasje yn Drachten ûnderstrûpt troch de buien

05 jun 2021 - 10:11

De faksinaasjelokaasje fan de GGD yn Drachten giet sneon letter iepen fanwegen de wetteroerlêst. De prikstrjitte sit yn it Fries Congrescentrum en dat is foar in part ûnderstrûpt troch it reinwetter. De ôfspraken fan sneontemoarn koene dêrom net trochgean. Op dit stuit wurdt alles opromme. It is de bedoeling dat alles fan 13.00 oere ôf wer opstart wurdt.

Foto: Noordernieuws/De Vries Media

Minsken dy't dan in ôfspraak hawwe, kinne gewoan komme. Minsken dy't sneontemoarn ynpland stiene, kinne ek gewoan komme foar in prik. Der is genôch romte, jout GGD Fryslân oan.

Jeanette Provoost fan GGD Fryslân

De faksinaasjelokaasje yn it Fries Congrescentrum yn Drachten - Foto: Omrop Fryslân
(Advertinsje)
(Advertinsje)