Omrop TIP: FryslânDOK 'Bezint eer ge begint'

05 jun 2021 - 10:06

It plattelân is by útstek it plak foar spiritualiteit. De stilte biedt romte foar rêst en besinning. Kin Fryslân dêr net mear mei dwaan, is de fraach yn Bezint eer ge begint, diel 8 fan de FryslânDOK-searje Beklimmers fan it flakke lân. Te sjen op 5 juny by NPO2 en op 6 juny by Omrop Fryslân.

Hippy's yn Hantum

Liskje Kuipers wie in jier as acht doe't ein jierren 70 de earste hippy's yn Hantum kamen te wenjen. It doarp fûn it earst mar neat, mar Liskje fûn it prachtich. Sy rekke befreone mei ien fan harren. Letter waard op it lân fan har freondinne in boeddhistysk sintrum boud. Ek Liskje sleat har oan by it boeddhisme.

Liskje Kuipers - Foto: Omrop Fryslân

Boeddhisme

It sintrum is der noch altyd en is in wichtich moetingsplak foar de folgelingen fan de Karma Kagyu orde - ien fan de fjouwer haadstreamingen fan it Tibetaansk Boeddhisme. In hillich en bysûnder krêftich plak, seit Sherab, de behearder. Alle jierren reizigje hûnderten minsken nei Hantum om te meditearjen en op azem te kommen. It leit hielendal op 'e romte. It is der stil.

Sherab, bewenner fan it Boeddhistysk kleaster yn Hantum - Foto: Omrop Fryslân

Ut 'e tiid stappe

Neffens filosoof Joke Hermsen binne kalmte en oandacht wichtige betingsten foar kreativiteit en helder tinken. Kwaliteiten dy't nedich binne om feroaringen op gong te bringen. Minsken wurde sa opjage troch de klok, dat sy ferjitte om rêst te nimmen. Dertroch reitsje se út balâns en rekket ien op de fiif minsken burn-out. Wy moatte, seit Hermsen, sa no en dan oan de kloktiid ûntsnappe. Ut 'e tiid stappe.

Joke Hermsen, filosoof - Foto: Omrop Fryslân

Alde pleats wurdt kleaster

Hinne Wagenaar is dûmny yn Jorwert en inisjatyfnimmer fan Nijkleaster - in mienskip dy't siket nei nije wegen foar leauwen en spiritualiteit. Der is bûten Jorwert in âlde pleats oankocht dy't omboud wurdt ta in modern kleaster. Der sille fêste bewenners wêze, mar gasten binne ek wolkom.

Nijkleaster - Foto: Omrop Fryslân

Besinningstoerisme yn Skettens

De Bêd & Brochje yn de tsjerke fan Skettens lûkt minsken dy't sykje nei spiritualiteit en besinning. Sy sliepe yn de toer en ite it moarnsbrochje yn de konsistoary. It rint as it spoar, it 'besinningstoerisme' sit yn 'e lift. It tsjerkebestjoer neamt de tsjerke 'Us Stille Misjonaris'.

Bêd en Brochje yn tsjerketoer Skettens - Foto: Omrop Fryslân

Spiritualiteit op it flakke lân

Yn Bezint eer ge begint ûndersykje programmamakkers Albert Jensma en Bart Kingma de rol fan spiritualiteit op it plattelân. It is diel 8 fan de searje Beklimmers fan it flakke lân. Dêryn siket FryslânDOK nei lytsskalige, lokale inisjativen op basis fan grutte ideeën en idealen.

Fjoertoer yn 'e fierte - Foto: Omrop Fryslân

FryslânDOK: Bezint eer ge begint

  • Sneon 5 juny NPO2 15.30 oere (werhelling 6 juny 13.10 oere)
  • Snein 6 juny Omrop Fryslân 17.00 oere (werhelling alle oeren)

FryslânDOK wurdt Nederlânsk ûndertitele

(Advertinsje)
(Advertinsje)