Oftakking gasput Nyegea is boarre: yn augustus test Vermilion gaswinning

It bedriuw Vermilion set yn augustus útein mei it testen fan de gaswinning fia in nije ôftakking fan in âldere put by Nyegea. Sûnt begjin dit jier hat Vermilion dwaande west mei it boarjen fan de syd-ôftakking. It giet om de mynboulokaasje oan de Kilometerwei.
De gaswinlokaasje oan de Kilometerwei yn Nyegea © ProNews
Fan april ôf stie der in boartoer op de lokaasje. Dy is no wer ôfbrutsen. Neffens Vermilion is it doel berikt: der is ierdgas fûn. Dat betsjut dat it gas no test wurde moat, om't der noch net krekt bekend is hoefolle gas der is.
Oant ein july wurdt de put oansletten op de besteande piiplieding en de put wurdt ree makke foar de puttest. Dy test begjint dus yn augustus. Dêrnei kin der produsearre wurde, sa skriuwt Vermilion.

Tsjingas

Yn maart besocht Stichting Tsjingas fia de rjochter noch tsjin te hâlden dat der in 'sidetrack' oanlein waard by de âlde put by gasfjild Nyegea. Neffens Vermilion is de put feilich en it ministearje fan Ekonomyske Saken en Klimaat sei dat der gjin lekkaazjes binne en dat de risiko's akseptabel binne. Dêrom hiene pleatslike belangen yn de omkriten de ferwachting net dat de boarring tsjinholden wurde koe.