Alvestêdeskûtsje leit foar op skema: "Met veel hulp van brugwachters"

05 jun 2021 - 09:10

Skûtsje Verwisseling is dwaande om de Alvestêdetocht te silen: in rûte fan mear as 220 kilometer, mei begjin en ein yn Yndyk, de thúshaven fan it skûtsje oan de Hegemer Mar. It giet boppe ferwachting, seit Bas Krom van it team. "Misschien dat we zaterdag al thuis komen in plaats van zondag. Het gaat boven verwachting goed."

Team Verwisseling op de startdei - Foto: Omrop Fryslân

It skûtsjeteam giet de útdaging oan fanwege in crowdfundingkampanje foar in nij grutseil. "De drempel van 80 procent hebben we gehaald," seit Krom fan Team Verwisseling. "Dus de laatste 20 procent proberen we nog binnen te halen."

Brêgewachters nachts yn 't spier

It is de earste kear dat in skûtsje de Alvestêdetocht sylt. Dêrfoar moatte der mear as hûndert brêgen passearre wurde. Mei in trochfarhichte fan hast 20 meter moat de mêst faak omheech en omleech brocht wurde.

Skûtsje Verwisseling op de startdei - Foto: Omrop Fryslân

By de brêgen hawwe de manlju ek wol wat stipe krigen, seit Krom. "Brugwachters hebben heel erg meegeholpen door bijvoorbeeld langer te blijven, zoals in Bolsward. In Harlingen mochten we iemand uit bed bellen zodat we toch nog door konden. Voor Leeuwarden waren we een brug vergeten, daar kwam vannacht nog iemand de brug voor ons openen. Dus het valt mee."

Goed wietreind

Sneontemoarn leit Verwisseling yn Snits foar in brêge te wachtsjen. "Het is nu wel goed nat op de boot en binnen. Ik lag te slapen, maar mijn collega's zijn goed doorweekt. Een aantal hebben net even gezwommen om het zweet er af te spoelen. We gaan maar door," seit Krom.

Bas Krom fan Team Verwisseling

It waar sit net mei, mar dat makket net safolle. "De buien maken niet zoveel uit, want je bent toch al nat van het zweet. Het schip glijdt mooi rustig overal heen." Fan de wâlskanten ôf krijt it skûtsje in soad stipe: "Mensen staan te juichen en te springen, er komen trekkers aanrijden en mensen filmen."

(Advertinsje)
(Advertinsje)