Harry Oosterman hat noed oer bestjoerskultuer: "Soms wat te grutte wurden"

05 jun 2021 - 09:11

Boargemaster Harry Oosterman fan gemeente Eaststellingwerf makket him soargen oer de bestjoerskultuer dy't him yn de ôfrûne jierren yn syn gemeente ûntwikkele hat. Hy fynt dat de bestjoerskultuer om moat.

Boargemaster Harry Oosterman: "Dat sipelet ek troch nei de rieden"

Yn de gemeentlike polityk fan Eaststellingwerf is de lêste jierren it ien en oar ferskood, en dat hat foar ûnrêst soarge. Op it stuit sitte der yn de gemeente, dy't mei 25.000 ynwenners ta de lytsere gemeenten fan de provinsje heart, tsien fraksjes yn de ried.

Oosterman sjocht op polityk nivo likenissen mei de lanlike polityk: "As je sjogge nei de Twadde Keamer, 17 partijen, in hiel soad splinterpartijen dy't allegearre media-oandacht wolle. Dus in protte kabaal, grutte wurden. Dat sipelet ek troch nei de rieden."

Yn It Polytburo beprate presintatoaren Andries Bakker en Eric Ennema alle wiken mei in gast de aktuele tema's yn de polityk. Dizze kear siet Harry Oosterman fan de gemeente Eaststellingwerf oan tafel. Sjoch hjir de folsleine útstjoering.

As boargemaster omgean mei politike ûnrêst fynt Oosterman lestich. "Je moatte oppasse dat je as boargemaster gjin ûnderdiel fan it spul wurde, dus je probearje wat ôfstân te hâlden. Op it momint dat je ûnderdiel wurde fan de problematyk, is der net ien mear dy't derboppe stiet dy't de minsken oansprekke kin." De kultuer yn de ried moat as it oan him leit wol om: "Elkenien beseft him dat, mar om dan sa'n kultuer om te draaien is lestich."

Kriminaliteit yn de gemeente

Yn de gemeente waarden de ôfrûne jierren ferskate misdriuwen dien. "It wie op in gegeven momint it iene nei it oare. Foar de byldfoarming is it soms hiel ferfelend", seit Oosterman. Hy wit net wêr't de misdriuwen wei komme. "It binne faak ferskillende dingen. Ik ha it Ryk foarich jier frege, meitsje my ris in rapport. Sitte wy hjir no echt mei organisearre kriminaliteit? En as je dat dan ferlykje mei oare gemeentes, dan falt dat by ús ta."

Oosterman oer kriminaliteit yn syn gemeente: "It wie it iene nei it oare"

Nettsjinsteande de problematyk en politike ûnrêst, tinkt Oosterman dat de gemeente himsels wol rêde kin. "Skaalfergrutting hat in soad foardielen, mar ik bin der troch de jierren hinne efter kaam dat hokfoar skaalgrutte je ek ha, der binne altyd problemen. Ik bin fan de oertsjûging dat as je te grut wurde, dan ferlieze je in diel fan it kontakt mei de minsken."

Oosterman fynt kontakt mei de mienskip wichtich

Fúzje mei Weststellingwerf of Opsterland is dan ek net oan 'e oarder: "Op dit momint is der gjin needsaak by de trije gemeenten om grutter te wurden." Op de fraach oft in fúzje mei in Drintske gemeente fanwege de kulturele likenis in opsje is, antwurdet Oosterman: "Ik moat konstatearje dat de provinsjegrinzen frij absolute grinzen binne."

Nei 16 jier ôfskied

Harry Oosterman is de langst sittende boargemaster fan Fryslân. Hy koe noch oant en mei 2023 oanbliuwe, mar nei 16 jier nimt er yn augustus ôfskied. Al kin er de taal net prate, hy fielt him wol ferbûn mei de Stellingwervers. "Trochdat it in wat lytsere gemeente is, kenne je doch in soad minsken yn de doarpen."

(Advertinsje)
(Advertinsje)