Klachten oer te krap netwurk foar sinnepanielstroom

05 jun 2021 - 08:09

Nei sa'n hûndert klachten fan sinnepanielbesitters yn Fryslân set netwurkbehearder Liander útein mei in kampanje. It netwurk kin it noch net oan om in soad stroom fan sinnepanielen te ferwurkjen. Ferbrûk it sels, is it advys.

It stroomnetwurk kin it noch net oan:

Op dagen dat de sinne bot skynt en der in soad stroom opwekt wurdt, kin it barre dat omfoarmers tichtklappe. Dan kin der gjin stroom it netwurk op, want der ûntstiet 'filefoarming' en dan wurdt der neat fertsjinne.

Minsken krije it advys om op sinneskyndagen de stroom dan mar sels te ferbrûken, seit Liander-wurdfierder Peter Hofland.

Foto: ANP

Hofland: "Door overdag de wasmachine of de vaatwasser aan te zetten. Mensen die een elektrische auto hebben, kunnen hem op dat moment opladen. Want alle stroom die je in je eigen huis verbruikt, hoeft niet het elektriciteitsnet op, kan geen file vormen en de spanning te hoog opdrijven."

125 miljoen foar it Fryske stroomnet

De kampanje moat minsken bewust meitsje fan de beheiningen. De netwurkbehearder sels is drok dwaande om it net te ferbetterjen troch nije transformatorhúskes, skeakelstasjons en kabels oan te lizzen. Mar ek troch it oannimmen en oplieden fan faklju. Der wurdt dit jier 125 miljoen euro yn it Fryske stroomnet stutsen.

De netbehearder wol ynvestearringsjild liene fan de oandielhâlders. De provinsje Fryslân is dêr ien fan en dy is om 75 oant 95 miljoen euro frege.

Liander-wurdfierder Peter Hofland

(Advertinsje)
(Advertinsje)