Jongelju oanholden nei mishanneling yn Ljouwerter Prinsetún

05 jun 2021 - 07:56

De plysje fan Ljouwert hat twa persoanen oanholden nei in mishanneling yn de Prinsetún. Dat barde freedtenacht. De twa fertochten naaiden út yn de rjochting fan de Noorderweg, mar koene oppakt wurde. In 16-jierrige fertochte hie in grut mes en in 17-jierrige fertochte hie in boksbûgel mei.

Foto: Shutterstock.com (zef art)

De 17-jierrige fertochte koe oanholden wurde op de Spanjaardslaan, mar de twadde fertochte besocht út te naaien. Dy liet it mes op de Singelstraat op strjitte falle, mar waard op de De La Reystraat dochs ynsletten. De plysje jout oan de saak te ûndersykjen.

De plysje hat net bekend makke wat der yn de Prinsetún krekt bard is en hoe't it mei it slachtoffer fan de mishanneling is.

(Advertinsje)
(Advertinsje)