Man fan 69 komt om it libben by earnstich ûngelok Tsjummearum

05 jun 2021 - 00:08

By in oanriding yn de omkriten fan Tsjummearum is freedtejûn in 69-jierrige man om it libben kaam. Dat meldt de plysje. It ûngelok barde op de Camstrawei.

It slachtoffer komt út de gemeente Waadhoeke. Hy kaam yn oanriding mei in auto mei dêryn in 31-jierrige man, ek út de gemeente Waadhoeke. Hy waard oanholden op fertinking fan belutsenheid by it ûngelok.

De helptsjinsten kamen manmachtich nei it plak fan it ûngelok om it slachtoffer te help te ferlienen. Dêrby waard ek in Mobyl Medysk Team oproppen. De Verkeersongevallen Analyse (VOA) docht ûndersyk nei hoe't it ûngelok krekt barre koe.

(Advertinsje)
(Advertinsje)