Sylster Bouwmeester klimt nei twadde plak yn Medemblik; Van der Meer wint opnij

04 jun 2021 - 22:18

Olympysk kampioene Marit Bouwmeester (Laser Radial) is op de Allianz Regatta yn Medemblik klommen nei it twadde plak. De sylster hat nei de sechde race op de Iselmar allinnich noch Marie Barrue út Frankryk foar har.

Marit Bouwmeester - Foto: Sander van der Borch

It liket hieltyd better te gean mei Bouwmeester. "Dochs hie ik juster net it idee dat ik net super oan it farren wie", sa seit Bouwmeester, dy't al wis is fan Tokio. "Mar it wie gewoan bêst wol in drege dei." De race fan freed gie better. "Elke race wurdt ik wer better. Dus bliid dat de wyn hjoed wat stabiler wie. Dat holp."

Fanwege wat mear wyn wiene de omstannichheden foar de silers better as yn de foargeande dagen. Mirthe Akkerman en Marissa IJben klommen beide ek yn it klassemint fan de Laser Radial, nei respektyflik it 21e en it 45e plak.

Van der Meer bliuwt oan de lieding

Nei trije dagen is it earste plak yn de Nacra 17-klasse noch altyd foar Laila van der Meer út Grou en Bjarne Brouwer. Sy kamen freed ek wer as earsten oer de einstreek.

Wiersema sakket yn klassemint

Willem Wiersema en Thomas Westerhof dogge by de manlju mei yn de ILCA7-klasse (Laser Radial). Wiersema is wat sakke yn it klassemint en stiet nei trije dagen op it 35e plak. Westerhof beset noch altyd it 56e plak.

(Advertinsje)
(Advertinsje)