De 'plus' fan de Sintrale As: nij fyts- en kuierpaad iepene by Hurdegaryp

04 jun 2021 - 21:26

It wurdt ek wol de 'plus' fan de Sintrale As neamt: projekten dy't ûntstean om in gebiet riker efter te litten nei de iepening fan dy grutte dyk yn 2016. It nije fyts- en kuierpaad eastlik fan Hurdegaryp is sa'n 'plus'. In soarte fan 'goedmakkerke' foar de omjouwing.

Nij fyts- en kuierpaad by Hurdegaryp

Earder waard yn it gebiet ek al Brasserie Om de Dobben en de dêrby hearrende rûtes oanlein om de dobben en pingo's oan it publyk sjen te litten.

Dêr't It Fryske Gea earst net siet te wachtsjen op dy Sintrale As binne se bliid mei it paadsje dat no dwers troch bysûnder natuergebiet rint. "Sûnder dy Sintrale As wie dit paad der net kaam", seit direkteur Henk de Vries.

Strange regels

Der binne wol strange regels foar it brûken fan it nije fyts- en kuierpaad. Sa mei it net brûkt tusken sinne-ûndergong en -opkomst en is motorferkear as bromfytsen en scooters net tastien. Ek it útlitten fan hûnen is ferbean op it paad.

Wethâlder Tytsy Willemsma fan Tytsjerksteradiel en deputearre Douwe Hoogland dienen freed de iepeningshanneling fan it nagelnije paad. De provinsje en de gemeente betelje beide mei oan it paad, dêr't noch gjin namme foar fûn is.

In reportaazje oer it nije paad troch de Hurdegarypsterwarren

Foto: Omrop Fryslân, Timo Jepkema

Westlik fan Burgum leit 33 bunder natuer yn de Hurdegarypsterwarren mei bysûndere dobben en pingo's. Dy binne ûntstien yn de lêste iistiid. Se binne yn it behear fan It Fryske Gea. Kuierpaden ferbine guon fan sokke pingo's, lytse markes dy't begroeid binne mei beammen en reidkragen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)