Buffetrestaurants meie fjoer noch net opstoke troch coronaregels, sauna's wol

04 jun 2021 - 21:04

De nije ferromming fan de coronamaatregels soarget foar teloarstelling en blydskip by Fryske ûndernimmers. De measte restaurants meie sneon wer iepen, mar dat jildt net foar buffetrestaurants. Dy wurde troch de selsbetsjinning sjoen as trochstreamlokaasje en moatte fan it kabinet de doarren noch ticht hâlde. Sauna's meie wol wer iepen.

Hast alles iepen mar E10 net

It is in grutte teloarstelling foar eigener Hu fan Wokpaleis Fryslân yn Ryptsjerk. It restaurant wie der hielendal klear foar om einliks wer iepen te gean. De reservearringen dy't makke wiene, binne wer ôfbelle. Dêroer wiene ek de gasten teloarsteld, fertelt Hu.

"Iemand wilde met vrouw en kinderen eten, of met opa en oma, en toen moesten we terugbellen en zeggen dat het niet mag van de regering." Hu is der wat berêstend ûnder, dat er de pannen noch net wer op it fjoer sette kin yn syn selsbetsjinningsrestaurant. "We kunnen niks doen, we moeten gewoon even meewerken."

Eigener Hu fan Wokpaleis Fryslân yn Ryptsjerk - Foto: Omrop Fryslân

It betsjinjen oan tafel soe wol meie, mar dat sjocht er net sitten. It restaurant hat ferline jier besocht om mei in kaart te wurkjen, mar dat wie gjin sukses. Minsken dy't nei in buffetrestaurant komme, ferwachtsje in buffet en wolle net betsjinne wurde, seit Hu.

Hy is benaud om klanten kwyt te reitsjen as er op dy wize iepengiet. "Als je iets doet, moet je het goed doen. Anders zeggen de mensen: dit is niet de bedoeling." En dus hâldt it restaurant de doarren de kommende fjouwer wiken noch ticht. Oant dy tiid kinne de klanten allinnich iten ôfhelje.

Sauna Leeuwerikhoeve yn Burgum - Foto: Omrop Fryslân

By Sauna Leeuwerikhoeve yn Burgum is de stimming oars. Dêr binne se folop yn tarieding op de weriepening. It nijs dat se op 5 yn stee fan 9 juny wer iepen meie, kaam as in ferrassing. It hat flink oanpoatsjen west de lêste dagen, fertelt Eric Humme fan de Leeuwerikhoeve.

"Dan moet je echt heel veel snel regelen", seit Humme. "Bij zo'n bedrijf als dit kun je niet van de een op de andere dag zeggen 'we gaan open'. Alles moet weer opgestookt worden, want het is niet op temperatuur. Dat gaat allemaal gefaseerd en in dagen. Dat kan niet in een keer een knopje aan en die sauna is morgen warm. Zo werkt dat niet."

De sauna is fan moandei ôf lykwols wer hielendal iepen en dêr is Humme tige bliid om. "Dat is een hele grote opluchting. We kijken er al geruime tijd naar uit om eindelijk weer eens een keer los te kunnen."

(Advertinsje)
(Advertinsje)