Utslaande brân troch frituerpanne yn gebou wettersportferiening Heech

04 jun 2021 - 18:43

Yn de haven fan Heech hat freedtejûn in útslaande brân west yn it gebou fan de pleatslike wettersportferiening oan de Pharshoeke. De brân wie gau ûnder kontrôle, mar neffens de brânwacht is der in soad brân-, reek- en wetterskea.

Brân yn Heech

Boatsjefarders dy't mei har boat yn de haven leinen, seagen reek út it gebou kommen en bellen de helptsjinsten. Ien fan dy rekreanten wie plysjeman en seach fuort dat it mis wie. Mooglik dat it rappe optreden fan de tsjûgen slimmer foarkaam hat. "Mar ek de flugge 'binnenoanfal' fan de helptsjinsten hat holpen om it pân te behâlden," fertelt Marten Klaas Brinksma fan Brânwacht Fryslân.

By de brân kamen flammen en reek út it dak fan it gebou. Neffens de brânwacht ûntstie de brân yn in frituerpanne. Troch de ôffier gie it fjoer nei it dak. Der wiene gjin minsken mear yn it gebou. Ut foarsoarch hawwe rekreanten campers dy't foar it gebou stienen, gau oan de kant riden.

Foto: Noordernieuws/De Vries Media

WaterSportvereniging Heeg makket gebrûk fan it gebou. Neffens foarsitter Maarten Stuurman fan de Vereniging van Eigenaren fan it gebou is de skea grut. "We zijn erg geschrokken, het pand komt uit 2015."

De foarsitter, dy't tige emosjoneel wie, liet op in foto sjen dat de keuken folslein fernield is. "Gelukkig zijn er geen persoonlijke ongelukken. We zijn blij dat de brandweer zo zijn best heeft gedaan. Zonder die inzet had het veel erger kunnen zijn, maar alsnog blijft de schade enorm."

(Advertinsje)
(Advertinsje)