Q&A: "Ferjit net, drugshannel is spikerhurde misdie"

04 jun 2021 - 17:31

It binne faak lytse berjochtsjes op websites of yn 'e krante. Boargemasters dy't wenhuzen of loadsen foar koartere of langere tiid slute, om't der bygelyks yn drugs hannele wurdt. Of om't der amfetamine makke wurdt. Mar wêrom moat in boargemaster dêr wat oer sizze, wêrom docht de plysje dat net?

Foto: Omrop Fryslân

Ien fan de Fryske boargemasters dy't geregeld in hûs slút yn ferbân mei drugsoerlêst is Johannes Kramer fan Noardeast-Fryslân. Mei him sette wy op in rychje hoe boargemasters dizze beslissing nimme, en oft it eins wol effekt hat.

Wêrom beslist in boargemaster eins oer it sluten fan wenningen?

"Yn de Opiumwet is fêstlein dat it foech by de boargemaster leit om in wenning of gebou te sluten as der hannele wurdt yn drugs. As de plysje dat dus earne konstatearret, dan sjogge we dernei en kinne wy as boargemaster dy beslissing nimme.

By softdrugs goaie we de boel foar trije moanne ticht. As it giet om harddrugs giet it om in perioade fan seis moanne. As je dêrnei faker trappearre wurde, giet de boel langer op slot fansels."

Is dat in dreech beslút?

"Ik hoech der faak net lang oer nei te tinken. As der yndied sprake is fan drugshannel fanút in wenning, dan hat dat de buert der bot lêst fan. Minsken keapje dêr dy rommel, dy brûke dat der ek, dat soarget foar oerlêst. Dat wolst as boargemaster net yn dyn gemeente ha."

Mar wat no as der bygelyks in húshâlding yn sa'n hús wennet?

"By in loads op in yndustryterrein is de maatregel fansels wat makliker te nimmen. Somtiden ha je yndied te krijen mei in wenhûs, dêr't ek noch in partner of bern wenje.

Wannear't it dan de earste kear is, of de oerlêst foar de buert is der eins mar kwealik, dan litte je it somtiden by in petear en in stevige warskôging yn it belang fan de bern. Mar dêr bin ik yn prinsipe net ta gelegen."

Wurket it?

"De kriminaliteit wurdt der net daliks minder fan, mar it hat wol in effekt. De loop is der dan út, om it samar te sizzen. Der komme dan gjin brommerkes en scooterkes del dy't dêr harren drugs weihelje. Dat skeelt in soad direkte oerlêst foar de omwenners.

Ferjit net, de romantyk oangeande drugshannel moatte we ferjitte. Dat wie yn de jierren santich mei de hippys, dy tiid ha we hân. It is no spikerhurde misdie. Wêr't wy dat as oerheid mar beëinigje kinne, dêr moatte wy dat ek dwaan."

(Advertinsje)
(Advertinsje)