Alvestêdetocht golvje foar it goede doel: "It hat in dreech jier west"

04 jun 2021 - 16:27

De alvestêdetocht kinne je reedride, fytse, steppe of swimme en dit wykein wurdt er ek golve. Golfer Auke Hempenius sil foar it goede doel by alle alve golfbanen yn Fryslân del. "We dogge dit foar it Foppe Fonds", seit Hempenius. "We wolle bern mei in beheining helpe. Mar ek foar it goede doel sels, want dy ha it dreech hân yn de krisis."

Auke Hempenius golvet de alvestêdetocht

"Golf is foar my it libben", fertelt Hempenius, wylst er oer de golfbaan yn Beetstersweach rint. Mei in golfklup yn de hân sjocht hy rjochting in flagge yn de fierte. "Ik wol de sport oerbringe op oare minsken en dy wol ik ferbine. Dêrom kaam ik by it Foppe Fonds út. Dy helpe bern mei in beheining. As se bygelyks in nije rolstoel nedich ha, dan kinne se by it fûns oanbelje foar in bedrach. Sy meitsje de bern ek nochris entûsjast foar de sport."

De saneamde Golfstêdetocht is freedtemoarn om 05.11 oere begûn en einiget snein om 17.11 oere. Yn dy tiid hopet Hempenius op alle banen de 18-holes te spyljen. "We helje jild binnen mei sponsors. Dat rint bêst, mar it giet ek om de gedachte derefter. Golf is in moaie sport, mar minsken moatte dy noch wat útfine, ha ik it idee."

Auke Hempenius op de golfbaan - Foto: Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort

Ien dy't de sport net mear hoecht út te finen, is Foppe de Haan sels. Hy slút him by it selskip oan om in baltsje te slaan. "We binne bliid mei de aksje fan Auke", seit de Fryske fuotballeginde, wylst er in bal oer de baan swingt.

"It hat in dreech jier west troch de corona. De eveneminten waarden ôfsein en dêrtroch kamen der gjin ynkomsten mear", fertelt De Haan. "Mar der binne wol bern dy't help nedich ha, bygelyks in nije rolstoel. Dy kinne wy dan net jaan en dat is skande. No komt alles gelokkich wer op gong en komt der wat jild binnen. Ik hoopje dat Auke it folhâldt, want de dagen binne noch lang."

(Advertinsje)
(Advertinsje)