Koloniën van Weldadigheid stap tichterby status fan wrâlderfgoed

04 jun 2021 - 16:09

De kâns dat de Koloniën van Weldadigheid op de wrâlderfgoedlist fan de Feriene Naasjes komme, is wer in stap tichterby. In advysorgaan fan it wrâlderfgoedkomitee hat freed in posityf advys jûn oer de erkenning fan de koloanjes as wrâlderfgoed.

Frederiksoard - Foto: Koloniën van Weldadigheid

De koloanjes lizze op de grins fan Fryslân en Drinte, yn de omkriten fan Noardwâlde. De koloanjes ûntstiene yn de njoggentjinde iuw. Se wiene bedoeld om earme húshâldingen, foaral út grutte stêden, te helpen by it opbouwen fan in eigen bestean as boer.

'Kroon op het werk'

Deputearre Cees Bijl fan de provinsje Drinte is wiis mei it advys: "Het positieve advies is de kroon op het werk van de afgelopen jaren. We wisten al dat de Koloniën van Weldadigheid werelderfgoedwaardig waren. Maar hiermee ligt de weg open naar het beoogde besluit door het Werelderfgoedcomité."

Nei alle gedachten wurdt ein july bekend oft de Koloniën van Weldadigheid ek echt op de wrâlderfgoedlist komme. Ferline jier krigen se al wol in prestizjeus Europeesk Erfgoedlabel.

(Advertinsje)
(Advertinsje)