Tal nije coronabesmettingen yn Fryslân bliuwt krekt boppe de fyftich

Der binne yn Fryslân yn de ôfrûne 24 oeren 55 nije coronabesmettingen registrearre. Dat meldt it RIVM. Dat binne der 3 mear as tongersdei. Doe gie it om 52 nije besmettingen. Yn trochsneed wiene it der yn de ôfrûne wike 73 deis.
It deistige tal besmettingen fan de lêste trije wiken (komt de grafyk net goed yn byld, klik dan hjir):
De measte nije besmettingen binne meld yn de gemeenten Noardeast-Fryslân (9) en Smellingerlân (8).
Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren gjin nije stjergefallen meld as gefolch fan it coronafirus. Der is 1 persoan mei it coronafirus yn it sikehûs opnaam. It giet om in ynwenner fan de gemeente Ljouwert.
It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):
Lanlik binne 2.440 nije coronagefallen registrearre. Juster wiene dat der 2.803.
Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op omropfryslan.nl/corona.