Skriuwer Johan Veenstra moat Sulveren Anjer sels opspjeldzje

04 jun 2021 - 14:52

Skriuwer Johan Veenstra fan Nijeholtpea hat freedtemoarn de Sulveren Anjer útrikt krigen troch prinses Beatrix. Dat barde yn it Keninklik Paleis yn Amsterdam. Veenstra is de iennichste fulltime skriuwer yn it Stellingwarfsk. Hy skriuwt al fyftich jier yn dy streektaal.

Prinses Beatrix, Barend van Benthem, Joop en Janine van den Ende en Johan Veenstra - Foto: ANP

Beatrix iepene it doaske, mei dêryn de Sulveren Anjer, foar Veenstra. Dêrnei moast hy it lintsje sels opspjeldzje troch de coronamaatregels.

De Sulveren Anjers wurde sûnt 1950 alle jierren útrikt oan minsken dy't har frijwillich en ûnbetelle ynset hawwe foar de kultuer of natuer yn it Nederlânsk keninkryk. Oant syn ferstjerren yn 2004 rikte prins Bernhard de ûnderskiedingen út. Yn 2005 naam prinses Beatrix dy taak oer.

De Anjers gean dit jier nei Barend van Benthem, Janine en Joop van den Ende en Johan Veenstra. Van Benthem krijt de Anjer foar syn kennis fan Nederlânsk tafelsulver. De Van den Endes sette har al jierren yn foar teäter, muzyk en keunst.

It Prins Bernhard Cultuurfonds makke ûndersteande bydrage oer Johan Veenstra:

(Advertinsje)
(Advertinsje)