Freedsmerk oer de maksimum snelheid: "De rjochterfoet moat noch wenne"

52% fan de Nederlanners hat syn nocht fan de maksimum snelheid fan 100 kilometer yn 'e oere op de sneldyk. Dat blykt út ûndersyk fan it CBS (it sintraal buro foar de statistyk), dat freed publisearre is. Dat betsjut trouwens krekt like goed, dat dy oare helte skynber wol tefreden is mei de 100 yn it oere. Op de Ljouwerter freedsmerk wiene de mieningen -sa as eins altyd- ek dizze wike wer ferdield.
© Omrop Fryslân, René Koster
Foarstanners fan de 100 kilometer fine it relaxt riden, feiliger, better foar it miljeu en neame ek dat jo ek nochris wat om je hinne sjogge. Boppedat makket it neffens de measten net iens sa folle út, kwa tiid. Oaren fine dat der bêst 120 of 130 riden wurde kin. "Der is bygelyks moarns romte genôch."
In ûndernimmer, dy't in soad op 'e dyk sit, erkende dat er earst nochal baalde fan dy 100 kilometer. "Mar ik moat earlik sizze dat ik der efter kaam bin dat it net iens sa folle ekstra tiid kostet."
De poelier rydt eins nea hurder as 85: "Dat komt ek om't ik de karre achter de auto ha, fansels. Eartiids hie ik in BMW, doe mocht ik graach race, mar dy ha ik net mear."
In jonge automobiliste mocht altyd graach wat hurder ride as 100 kilometer yn 'e oere, mar is no al wer aardich went oan dat maksimum. "Mar de rjochterfoet noch net hielendal...."
100 of 130? Harkje nei de reaksjes op de Ljouwerter freedsmerk