Q&A: Wat is no dat giele faksinaasjeboekje, en wat hasto der oan?

04 jun 2021 - 14:05

Takom moandei kinne alle minsken dy't faksinearre binne tsjin it coronafirus in stimpel yn it 'giele boekje' krije. GGD Fryslân komt mei trije spesjale stimpelposten foar minsken dy't yn it bûtenlân in faksinaasjebewiis ha wolle. Dêr is in soad fraach nei, no't mear minsken prikt wurde en de simmerfakânsje tichterby komt. Hoe sit it no krekt mei dat giele boekje?

It giele boekje - Foto: ANP

Wat is it giele boekje?

It giele faksinaasjeboekje is in ynternasjonaal bewiis fan ynintingen. "We noemen dit het reizigers-vaccinatieboekje. Daar stempelen we normaal gesproken ook prikken in die mensen voor reizen krijgen," leit Everhard Hofstra út, dokter ynfeksjesyktebestriding by GGD Fryslân.

Gewoanwei wurde dêr bygelyks prikken tsjin hepatitis en de giele koarts yn opnommen. Mar ek in faksinaasje tsjin it coronafirus kin der no oan taheakke wurde. De Wereldgezondheidsorganisatie (WHO) befellet sa'n boekje oan, om't it tûk is om mei te nimmen as je op fakânsje geane nei lannen dêr't bygelyks giele koarts hearsket.

Wat hawwe je oan sa'n boekje?

Neffens koepelorganisaasje GGD-GHOR kinne je it giele boekje it bêste sjen as in 'ekstra service.' De dûane ken it, it is yn meardere talen útjûn en it is handich foar minsken dy't net digitaal feardich binne en corona-apps dreech fine.

Je krije in boekje gewoanwei nei in yninting foar in fakânsje, mar je kinne it boekje ek op ynternet bestelle. Nei in coronafaksinaasje krije je in registraasjekaart, mei datum, produktnamme, batchnûmer en link nei de bysluter. Der binne ek stickers mei de ynformaasje, dy't troch de GGD op de registraasjekaart plakt wurde kinne, mar ek yn it giele faksinaasjeboekje.

Is it boekje oeral jildich?

Nee, je kinne der net oeral mei terjochte, want der binne op dit stuit gjin ynternasjonale ôfspraken oer it giele boekje as corona-faksinaasjebewiis. "Het heeft geen officieel karakter, behalve voor de gele koorts-vaccinatie. Maar je kunt er wel alles in bijhouden, dus ook het vaccin tegen het coronavirus," seit Hofstra.

Dokter ynfeksjesyktebestriding Everhard Hofstra fan GGD Fryslân

Om't it gjin offisjele ynternasjonale status hat, woe minister Hugo de Jonge fan Folkssûnens der yn 't earstoan ek net oan. Der wurdt ek op Europeesk nivo wurke oan in faksinaasjebewiis dat wol rjochtsjildich is, mar wannear't soks krekt komme kin, is net dúdlik.

It advys bliuwt dus om de registraasjekaart goed te bewarjen, want in giel boekje mei in stimpel is gjin faksinaasjepaspoart.

Hoe krij ik sa'n boekje mei in coronastimpel?

"Na volgende week mogen mensen hun gele boekje meenemen naar hun vaccinatie als ze er een hebben. Dan zetten wij er ook een stempel bij voor het coronavirus," fertelt Hofstra fan de GGD.

Foto: ANP

Wa't al in prik hân hat, kin ek nei de tiid noch in stimpel helje by priklokaasjes yn Ljouwert, Drachten en Snits. "Dan kunnen we alsnog die stempel zetten. Het is wel belangrijk dat wij de stempel alléén kunnen zetten voor vaccinaties die door de GGD gezet zijn. Dus bijvoorbeeld niet als je bij de huisarts geprikt bent. En je moet al een boekje hebben, zo'n boekje kun je niet ter plekke bij een stempelpost krijgen."

Moat ik wat meinimme nei in stimpelpost?

Hofstra: "Mensen moeten op z'n minst een identiteitsbewijs meenemen. Maar het is ook handig om het printje mee te nemen dat ze bij hun vaccinatie kregen. Dan kunnen we het checken en dan zetten we het in het boekje." Je kinne dus it bêste in identiteitsbewiis, de faksinaasjeregistraasje en it giele boekje meinimme.

Wat no as ik prikt bin troch myn húsdokter?

It ferskilt tusken húsdokters wat der mooglik is. Neffens de Landelijke Huisartsen Vereniging jouwe guon húsdokters wol in oantekening yn it boekje, mar oaren dogge dat wer net.

(Advertinsje)
(Advertinsje)