Underwiisbûn: "Iepeningsplicht skoallen is it opjeien fan dosinten"

De Algemene Onderwijsbond (AOb) ropt leararen op om takom moandei net oan it wurk te gean as skoallen de feiligens net garandearje kinne. De skoallen moatte moandei wer iepen fan it ministearje fan Underwiis. Fulco Hoekstra fan it bûn is der net oer te sprekken dat it regear driget mei de ûnderwiisynspeksje, as skoallen harren net oan de regels hâlde.
Minister Arie Slob fan Underwiis © ANP
Noch lang net alle leararen binne yninte tsjin it coronafirus. En it wurdt dreech om de learlingen twa kear yn de wike te testen, sa't it ministearje fan Underwiis wol. En dus binne der soargen.
Om net-faksinearre dosinten foar de klasse te setten en te driigjen mei de ûnderwiisynspeksje, dat fyn ik in nuver statement.
Fulco Hoekstra fan de Algemene Onderwijsbond
Hoekstra, dy't sels ek dosint op de Boargemaster Harmsmaskoalle op De Gordyk is, fynt it nuver dat de minister de ûnderwiisynspeksje derby hellet. "Dat fyn ik in nuver statement. Om no op it alderlêste momint yn dizze krisis dosinten noch fierder op te jeien, dat wize wy ôf. Ik bin der net gelokkich mei. Der is noch mar in oantal wiken foar de simmerfakânsje. Om net-faksinearre dosinten foar de klasse te setten en te driigjen mei de ûnderwiisynspeksje, dat fyn ik in nuver statement."

Dûbeld gefoel

De measte skoallen geane wol iepen, jout Hoekstra oan. "It ferskilt foar lokaasjes en nivo's. Oer it algemien geane de skoallen wer iepen, mar net allegearre." Sels giet Hoekstra wol oan it wurk. Mar wol mei in 'dûbeld gefoel,' seit hy. "Wy hawwe al fysyk en online ûnderwiis fersoarge yn de ôfrûne wiken. Dus de skoallen binne al iepen, mar de opdracht is om de skoallen no fierder te iepenjen. Dat dogge wy omdat it de opdracht fan de minister is, mar wy hawwe ek in OMT dat foarskriuwt dat learlingen wol test wurde. Dêr hawwe wy twivels oer. En dêr komt by dat de measte dosinten noch net yninte binne."

Dilemma

It bliuwt in dreech dilemma: is it rjocht op feiligens wichtiger as it rjocht op ûnderwiis foar bern? Hoekstra: "Wy hawwe fansels wol echt it idee dat learlingen it bêste leare op skoalle. Dan hawwe je der fet op en kinne je se stjoere. Dat wolle wy it leafst. Mar as der noch hieltyd lanlike kampanjes binne om op te roppen om thús te wurkjen en wy net-faksinearre oan de slach moatte, dan is dat wol in nuver boadskip."

Alderlêste momint

It libbet wol ûnder kollega's, seit hy. "Guon wolle net foar de klasse omdat sy in lyts lokaal hawwe, in praktykfak dogge of thús minsken hawwe mei in minne sûnens. Sa is der noch wol wat noed oer dizze stap, dy't noch op it alderlêste momint foar de fakânsje dien wurde moat."
Fulco Hoekstra fan de Algemene Onderwijsbond