It Frysk Ljeppers Boun komt mei nije datums foar FK en NK

Op woansdei 30 juny set it fierljepseizoen útein yn It Heidenskip. Dat makke it Frysk Ljeppers Boun bekend. It seizoen begjint troch it coronafirus oardel moanne letter en sil langer trochgean.
Foarsitter Etty Kramer oer de start fan it fierljepseizoen:
It FK yn Winsum en it NK yn Burgum binne nei oerlis mei de Polsstok Bond Holland en de Nederlandse Fierljep Bond trochskood nei 4 en 18 septimber.

Fryske Fierljep Kompetysje start 30 juny

Yn ferbân mei de coronamaatregels is de start fan it fierljepseizoen opskood fan 15 maaie nei 30 juny. Fan dy datum ôf meie der nei alle gedachten wer sportwedstriden foar alle leeftiden hâlden wurde. It is noch net wis oft dêr publyk by wêze mei.
Yn oerlis tusken it Frysk Ljeppers Boun en de Polsstok Bond Holland mei de Nederlandse Fierljep Bond binne de aginda's njonken inoar lein en is de wedstriidkalinder oanpast. Troch it FK en NK yn septimber te hâlden, hawwe de fierljeppers mear wedstriden om in klassemint op te bouwen en harren te kwalifisearjen foar de kampioenskippen.

Nije data kampioenskippen

It FK yn Winsum en it NK yn Burgum wurde dit seizoen trochskood nei septimber. It Frysk Kampioenskip fierljeppen is sadwaande net op de twadde sneon yn augustus, mar op 4 septimber. It Nederlânsk Kampioenskip is 14 dagen letter yn Burgum, op 18 septimber.

Ekstra klasse

Neist de earste klasse en de twadde klasse is der dit seizoen foar it earst ek in tredde klasse. It tal dielnimmers is sterk groeid troch de jeugdwedstriden, en dy kinne har troch promoasje/degradaasje mominten fia de tredde klasse trochûntwikkelje nei de twadde en earste klasse. Dy beide klassen ha in maksimum fan 48 dielnimmers.
© Martin de Jong Fotografie
De fierljepwedstriden foar jongelju oant 12 jier sette op 12 juny útein. Dêr sil yn elk gefal oant 30 juny gjin publyk by wêze, mar wol wurdt dit jier in nije tredde klasse taheakke. De wedstriden foar de jongerein fan 12 oant en mei 17 jier sette lyk mei de reguliere kompetysje útein.

Nije datums grutte fierljepwedstriden: