Tal besmettingen sakket, tal prikken groeit: "We gaan echt de goede kant op"

04 jun 2021 - 12:31

GGD Fryslân jout oan dat it tal coronabesmettingen foar de sechde wike op 'e rige omleech gien is. De ôfrûne wike wiene der 537 positive testen, de wike derfoar noch 673. Yn sawat alle leeftiidsgroepen bliuwt it tal besmettingen ôfnimmen. "We gaan echt de goede kant op," seit Everhard Hofstra fan GGD Fryslân.

Everhard Hofstra - Foto: Omrop Fryslân

Ek op basisskoallen en middelbere skoallen nimt it tal besmettingen ôf, by learlingen en by learkrêften. Hofstra: "Het daalt hard in Nederland en Fryslân. We zien dat het aandeel positieve testen bij de mensen die zich laat testen ook daalt. Dat het vindpercentage daalt, betekent dat we als GGD ook beter zicht krijgen op het virus. Daardoor kunnen we ook weer beter een bron- en contactonderzoek doen."

1983 oan bar

Ofrûne wike hawwe 6.564 Friezen in coronatest by de GGD dwaan litten en hawwe 36.200 Friezen in faksin krigen fan de GGD. Goed 90.000 Friezen hawwe al in GGD-faksinaasje hân. Ek by húsdokters, sikehuzen en soarchynstellingen binne prikken set, dat binne der tusken de 80.000 en 111.000. Op dit stuit is de groep mei it bertejier 1983 oan bar.

Everhard Hofstra, dokter ynfeksjesyktebestriding by de GGD

Gjin Janssen mear

It regear hat besletten om de nije leeftiidsgroepen te faksinearjen mei Pfizer en Moderna, net mear mei Janssen. Dêr hat GGD Fryslân wol fragen oer krigen, seit Hofstra. "De Gezondheidsraad heeft aangegeven dat jet Janssen-vaccin wel degelijk voor die groep veilig is, maar die andere vaccins zijn nog iets veiliger. In beide gevallen praat je over hele kleine kansen. Het is zeker niet verkeerd om kwetsbare groepen, militairen en zeevarenden een Janssen-vaccin te geven. Dan hoeven ze ook maar één prik."

Sekswurkers berikke

De GGD set op dit stuit ek ekstra yn om sekswurkers in coronafaksin te jaan. Dat is wol nedich, jout Hofstra oan. "We weten dat veel sekswerkers niet regulier in Nederland zijn ingeschreven, maar uit het buitenland komen en hier tijdelijk zijn. Omdat het ingewikkeld kan zijn voor hen om alle informatie tot zich te nemen, zetten we er extra op in hen goed te bereiken en zich eenvoudig kunnen laten vaccineren. Zowel voor hen als hun klanten is het wel van belang, omdat ze toch relatief een wat hoger risico op het oplopen van het virus hebben."

Trefwurden: 
GGD Fryslân coronafirus
(Advertinsje)
(Advertinsje)