Tal coronapasjinten yn Fryske sikehuzen yn moanne tiid rap sakke

Der lizze op it stuit 23 coronapasjinten yn de Fryske sikehuzen. Dêrfan lizze der 10 op in intensive care-bêd. Dat meldt it Acute Zorgnetwerk Noord Nederland (AZNN). In moanne lyn, op 4 maaie, leine der noch 79 coronapasjinten yn de Fryske sikehuzen. Dêrfan leine der doe 29 op in IC-bêd.
Sûnt 16 oktober ha der net sa min coronapasjinten op in Frysk IC-bêd lein. Doe wiene it der 12.
Yn Grinslân en Drinte lizze op dit stuit 30 coronapasjinten yn it sikehûs, wêrfan 13 op in IC-bêd.