Passantehaven De Westereen wurdt park mei acht fakânsjehúskes

05 jun 2021 - 12:50

De passantehaven oan de Lange Reed yn De Westereen wurdt in lytsskalich fakânsjepark. De eardere haven is ferkocht oan Rienk en Annie de Jager, ynwenners fan it doarp, dy't op it terrein acht lúkse rekreaasjewenten oan it wetter delsette wolle. Wannear't it park der krekt komt, is noch net bekend om't it bestimmingsplan earst oanpast wurde moat.

Dit binne de plannen fan Rienk en Annie de Jager:

Yn maart hat de gemeente de haven oanbean foar ferkeap. Der kamen acht plannen binnen: fan in jachthaven mei boathuzen oant tiny-houses foar ferhier en in wenningbouplan.

Gearwurking mei doarp

It kolleezje fûn lykwols dat it plan fan de famylje De Jager it bêste yn de omjouwing paste. "Ik ken net alle oare plannen, al haw ik hjir en dêr wat wol heard. Ik tink dat in grutte reden foar de gemeente west hat dat wy hiel bot de gearwurking mei it doarp opsykje wolle. Wy wolle wat taheakje oan de omjouwing, net allinne sels wat fertsjinje. Ik tink dat dit de mearwearde fan ús ferhaal wie", fertelt Rienk de Jager.

De bedoeling is dat rekreanten mei in boat it doarp dochs fluch berikke kinne. "It idee is om der in steger by te setten foar boatsjes. En wy wolle binnenaktiviteiten organisearje foar húshâldingen en de gearwurking sykje mei oare ûndernimmers foar fierhier fan fytsen en boaten bygelyks."

Sa moat it der yn de takomst útsjen - Foto: Gemeente Dantumadiel

"No of noait"

De Jager is mar wat wiis dat der it parkje oanlizze kin. "Wy hiene de winsk al lang, earder hawwe wy der om socht. Wy binne hjir úteinlik bedarre en it plan út de holle set. Mar doe kaam dit op ús paad. Wy seine: it is no, of noait. Dus wy hawwe trochpakt. Dat je dit no efter je hûs realisearje kinne, dat is prachtich. It is no wat suterich, mar mei in goede ynfolling kin it hartstikke moai foar toeristen wurde."

(Advertinsje)
(Advertinsje)