Natuerorganisaasjes liede needklok oer skulpdierrif fanwege gaswinning by Skiermûntseach

04 jun 2021 - 09:45

De winning fan ierdgas by Boarkumer Stiennen kin funest wêze foar in unyk skulpdierrif. It bedriuw ONE-Dyas is fan doel om deun njonken it rif in boarplatfoarm te bouwen, sa'n 20 kilometer noardlik fan Skiermûntseach. It Wereld Natuur Fonds, Greenpeace, Natuurmonumenten, de Waadferiening, ARK Natuurontwikkeling en Vrije Horizon Schiermonnikoog liede de needklok.

"Winning van gas op deze plek is gekkenwerk"

De seis organisaasjes hawwe grutte noed oer it skulpdierrif: in boarplatfoarm is in grutte bedriging foar de natuer en foar bedrige soarten. It skulpdierrif is noch mar koartlyn wersteld troch it Wereld Natuur Fonds en ARK Natuurontwikkeling. It giet om stiennen dy't begroeid binne mei koralen, anemoanen en spûnzen. Mar der libje ek beskerme bisten lykas de brúnfisk, kabeljau en peareldûker.

Fergunning tsjinhâlde

Dêrom hawwe sy in mienskiplike sjenswize yntsjinne by it ministearje fan Ekonomyske Saken en Klimaat. De organisaasjes wolle dat it regear in streek troch de plannen set en dat der gjin fergunning komt. "De organisaties zien deze start van een mogelijk langlopende juridische procedure als onvermijdelijk, nadat eerdere bezwaren aan het bedrijf en overheid genegeerd zijn", skriuwe de partijen.

Skealik foar natuerûntwikkeling

It wurk oan it oersterrif is in grut sukses, seit Emilie Reuchlin fan it Wereld Natuur Fonds. It tal platte oersters wreidet him út en it bioferskaat nimt ta. Mar it werstel fan in rif giet neffens Reuchlin net tegearre mei it oanboarjen fan gas, trillingen en lûdsoerlêst en it fersmoargjen troch it dumpen fan boargrús en swiere metalen.

Foto: Wereld Natuur Fonds

Emilie Reuchlin fan it Wereld Natuur Fonds

Lutz Jacobi fan de Waadferiening fynt it aaklik dat de oerheid fergunningen jout sûnder te sjen nei de grutter wurdende steapeling fan effekten op it Waadgebiet. Neffens har hie der better ûndersyk dien wurde moatten.

"Weismiten jild"

Karel van den Wijgaard fan ARK Natuurontwikkeling neamt it net allinne skealik foar de natuer, mar fynt it ek weismiten jild. De oerheid hat mei natuerorganisaasjes ôfspraat om it rif op te knappen, mar soene no tastimming jaan foar gaswinning. "Dat is vernietiging van kapitaal en natuur in optima forma. Daarom vinden we de winning van gas op deze plek gekkenwerk."

Yn 2017 hat de oerheid tasein it gebiet de beskermjen. Yn it Noordzee Akkoord binne der ôfspraken makke tusken oerheid en de oalje- en gassektor. Natuerklups hawwe in fergunning krigen om natuer yn it gebiet te ûntwikkeljen.

Foto: ANP

Gaswinner ONE-Dyas

ONE-Dyas is it grutste partikuliere Nederlânske eksploitaasje- en produksjebedriuw.

Lês hjir mear oer it gaswinbedriuw en de winningsplannen:

Gemeente Skiermûntseach tsjin

Earder dizze wike die boargemaster Ineke van Gent al in 'driuwend, moreel en maatskiplik berop' op Den Haag en ONE-Dyas om de gaswinning tsjin te hâlden. It kolleezje fan Skiermûntseach fynt gaswinning net mear fan dizze tiid en yn striid mei de klimaatdoelen.

Van Gent sei: "Schiermonnikoog ligt in het best beschermde en internationaal belangrijkste natuurgebied van Nederland. Toch wordt dit gebied keer op keer bedreigd door gasboringen en kabels. Er wordt steeds een beslissing genomen tégen de natuur en vóór economische belangen."

Foto: Wereld Natuur Fonds
(Advertinsje)
(Advertinsje)