Plysje siket tsjûgen fan oerfal en swiere mishanneling yn Ljouwert

04 jun 2021 - 08:06

De plysje fan Ljouwert siket tsjûgen fan in oerfal dy't snein op de Fennen yn Ljouwert wie. By de oerfal is in persoan swier mishannele. De fertochten kamen mei hege snelheid oanriden yn in auto, dêrom tinkt de plysje dat minsken yn de omjouwing mooglik wat opmurken hawwe.

Foto: Ben de Jager, Omrop Fryslân

Twa persoanen yn it hûs waarden oanfallen. In frou waard bedrige, mar koe de oanfallers fan it liif hâlde. De oerfal en mishanneling wiene snein om 16.00 oere hinne. De plysje ropt tsjûgen op om har te melden, ek kamerabylden út de omjouwing kin de plysje brûke.

(Advertinsje)
(Advertinsje)