Fryske musea fiere iepening mei nije útstallingen

It hat efkes duorre, mar ek musea meie sneon de doarren wer iepenje. It moat noch wol mei reservearring, mûlkapkes en in maksimum tal besikers, mar by it Keatsmuseum yn Frjentsjer en it Skûtsjemuseum yn Earnewâld binne se der mar wat bliid mei. Beide musea fiere de iepening mei nije útstallingen.
© Wikipedia, Ieneach fan 'e Esk
Bram Bonnema fan it Keatsmuseum yn Frjentsjer is bliid dat syn museum wer besikers ûnfange mei. Foaral om't it museum in bysûndere tentoanstelling hat oer de Olympyske Spelen. "Wy steane te springen om wer iepen te gean. Wy soene dizze tentoanstelling yn 2020 al dwaan mei de Olympyske Spelen, mar dy waarden ek útsteld. Wy moasten de tentoanstelling ek skrasse, wer nije ôfspraken meitsje."
Wy binne as in protter sa bliid dat wy de doarren no wer iepen dwaan meie.
Bram Bonnema fan it Keatsmuseum yn Frjentsjer
It museum kin net mear as in lytse 20 minsken tagelyk ûntfange, mar it is wer in begjin. Bonnema: "Wy binne as in protter sa bliid dat wy de doarren no wer iepen dwaan meie. Us minsken steane wer klear om de besikers sneon te ûntfangen. De tentoanstelling rint noch oant 13 novimber. Dus der is gelegenheid om dy te besjen."
Bram Bonnema fan it Keatsmuseum yn Frjentsjer
De tentoanstelling hjit Van Parijs tot Pyongyang. "Dy giet foar in part oer it keatsen op de Olympyske Spelen, mar ek oer de Fryske sporters dy't oait in medalje wûn hawwe. Wy hawwe mear as 30 medaljes yn it museum."

Olympyske keatssport

In soad minsken witte net dat der op de Spelen wol keatst is. "It keatsen wie sân kear fertsjintwurdige op de Olympyske Spelen, as wedstriid- of demonstraasjesport. Foaral yn de perioade 1900-1912, mar ek noch yn Barcelona yn 1992 en Meksiko 1968. En dat waard spile yn ferskate farianten, nei it lân dêr't de Spelen wiene. It keatsen wie in demonstraasjesport op de Olympyske Spelen yn Amsterdam yn 1928."
It Skûtsjemuseum yn Earnewâld hat de tiid fan it ticht wêzen goed brûkt, want frijwilligers hawwe dwaande west mei in ferbouwing. Dat koe no moai, seit Age Veldboom fan it museum. "Der kamen dochs gjin gasten, wy mochten ommers gjin minsken ûntfange. In grutte groep frijwilligers hat holpen mei fervjen en timmerjen. Oan alles is tocht."

Filmseal yn Skûtsjemuseum

Sa is der in nije filmseal boud. "Dat is hiel bysûnder, want wy hawwe safolle films: fan it skûtsjesilen fan 1930, moaie ynstruksjefilms, fideobylden fan Omrop Fryslân. Dy kinne je yn de filmseal sjen litte."
© Skûtsjemuseum Earnewâld
Ek Veldboom is bliid mei de iepening fan musea. "Dêr dogge je it foar. Dat wy de minsken dy moaie histoarje fan de skûtsjes sjen litte kinne. Ofrûne winter hawwe wy drok wurke oan de eksposysje en de nijbou by ús museum. It is hiel moai wurden."
Age Veldboom fan it Skûtsjemuseum yn Earnewâld