Efkes foarstelle: sjoch hjir foar de kollumnisten yn Fryslân fan 'e moarn

04 jun 2021 - 07:10

Yn it programma Fryslân fan 'e moarn is sûnt 31 maaie alle dagen in nije kollumnist te hearren. De kollumnisten litte harren heare yn de rubryk De toan fan fan 'e moarn, mei ûnder oaren Henk van der Veer yn it 'Snekers' en Jan de Groot yn it Biltsk. We stelle alle kollumnisten oan dy foar.

Henk van der Veer - Foto: Omrop Fryslân

Henk van der Veer op moandei

Henk van der Veer (1954): "Kollumnist, meunsternimmer òf stukjeskriëver ut sjakt mij niks, ik mach graach skriëve en públiseare. De kollums salle persoanlek fan toan weze. Mar ik hoop nyt fan ut dunne koard dat der tussen privé en persoanlek is, ou te soademiteren.

Gewoan myn eigen gelúd hoare late, in ut Snekers. Omdat ut de taal is wêr't ik mij ut meast myself in bin. Trouwens met ut Frys lukt mij dat ok heel behoarlek en ut Hollaans is un goeie derde. Mar op 'e radio immer in ut Snekers, om dat taalmonument te koesteren."

Jan de Groot op tiisdei

Jan de Groot is bestjoerslid fan Stichting Bildts Aigene. "Ik fertaal stikkys, boeken, teneelstikken en gedichten naar 't Bildts. Skriif dernaast artikels en skriver fan de biografy over de Bildtse dichter Arjen H. Dijkstra. Feerder skriif ik kollums foor De Bildtse Post en de websait fan de vv St.-Anna."

Froukje Sijtsma - Foto: Omrop Fryslân

Froukje Sijtsma op woansdei

Froukje Sijtsma (1984): "Ik fertel yn myn kollumns op luchtige toan oer myn bysûndere aventoeren as sjoernalist, mem en frou. Ik ha Frysk en sjoernalistyk studearre oan de Rijksuniversiteit Groningen, en studearre ôf op it mediaklimaat fan Kurasao en wurke ek as sjoernalist yn Suriname. As freelanceferslachjouwer foar HEA! en Buro de Vries sykje ik altyd nei bysûndere ferhalen. Fierder bin ik aktyf foar de Raad voor de Journalistiek en foar opdrachtjouwers dy't it Frysk befoarderje."

Jan Koops - Foto: Eigen foto

Jan Koops op tongersdei

Jan Koops (Appelsche, 1954): "Ik warkte lange tied als passenielsman in de kiender- en jeugdpsychiatrie, studeerde op laetere leeftied HBO-Theologie in Liwwadden, en gao zoe'n twintig keer et jaor veur in karkdiensten, ok in et Stellingwarfs. Daornoast bin ik freelancer veur de Nieuwe Ooststellingwerver en de Stellingwerf."

"Ik bin redaktielid van De Ovend, et twiemaondeliks tiedschrift van de Stichting Stellingwarver Schrieversronte, warkte mit an een tal boeken in et Stellingwarfs en schreef een heufdstok over dr. L.A. Bähler in Vrijzinnig Verleden-2. En ik bin veurzitter van de Stichting Begraafplaatsen Oosterwolde & Fochteloo. Veural de geschiedenis van Stellingwarf Oostaende het mien belangstelling. Aende 2020 verhuusde ik van Oosterwoolde naor Kollum."

Joana Duarta - Foto: Martina Ketelaar

Joana Duarte op freed

Joana Duarte (1977): "Ik kom út Lissabon en ha 14 jier yn Dútslân wurke. Ik wenje sûnt 2015 mei myn soan en man yn Ljouwert en bin fereale op de Fyske taal en kultuer. Ik bin lektor meartaligens en skriftlike taalfeardigens op de NHL Stenden Hegeskoalle en ûnderwerpen lykas diversiteit, mienskiplike partisipaasje en ûngelikensens yn kânsen fassinearje my."

De kollums yn it radioprogramma Fryslân fan 'e moarn binne op wurkdagen te hearren om tsien oer achten hinne.

(Advertinsje)
(Advertinsje)