Der is gjin twadde Gryn: mar bestean sûnder minsklik yngripen kin it net

It lytse Waadeilân Gryn by Skylge kin net sûnder minslik yngripen bestean bliuwe en dat yngripen is ek goed te ferdigenjen. Dat makke ûndersiker Laura Govers fan Rijksuniversiteit Groningen en it Koninklijk Nederlands Instituut voor Onderzoek der Zee (NIOZ) tongersdei dúdlik by de presintaasje fan it boek Griend, een bewogen eiland dat sy en kollega Valérie Reijers fan de Universiteit Utrecht skreaun hawwe.
Gryn © Remco de Vries, Omrop Fryslân
Underdiel fan dit ferhaal oer it troch Natuurmonumenten behearde eilân binne ek de resultaten fan ûndersyk nei ûnder oare de lêste yngreep yn 2016 om it eilân te behâlden. Dêr docht bygelyks út bliken dat in part fan it sân dat doedestiids hiel stadich oprinnend oan de westkant fan it eilân stoart is, yntusken begroeid rekke is en dat der lytse dúntsjes ûntstien binne.

Oanwaaks en ferlies

It eilân wurdt op dat plak wol wer wat lytser, mar de measte eroazje is no oan de súdkant omdat it tal stoarmen út it suden en súdwesten tanommen is. Oan de noardkant is in part fan it sân bedarre dat earder stoart is om it eilân te beskermjen en dêrefter begjint no ek in stik kwelder te ûntstean.

Seewier

Om út te sykjen oft it eilân wer op in mear natuerlike wize beskerme wurde koe, hawwe der grutskalige proeven west mei it oanlizzen fan mokselbanken op biologysk ôfbrekbere keunststof konstruksjes oan de kant fan it eilân dy't it meast oan de eleminten bleatsteld wurdt.
Yn kombinaasjes mei nij seewier (zeegras) hie soks op termyn der foar soargjen kinnen dat it eilân wer safolle slyk en sân ynfange koe dat it him ferpleatst lykas meardere eilannen fan natuere dogge.

Grutste seewierfjild

Dat pakte lykwols oars út wêrby't de ûndersikers der wol efter kamen dat it seewier it yn de lijte fan Gryn wol hiel goed die. Sa goed dat dêr no it grutste seewierfjild fan Nederlân ûntstien is. Ek de oanlis ea fan in saneamde húsdyk hat derfoar soarge dat it eilân net fan syn plak ôf komme kin.
Seewier (zeegras) yn it Waad by Gryn © Omrop Fryslân, Remco de Vries
Govers ferliket de sitaasje fan Gryn mei dy fan Jordsand: in Deensk Waadeilentsje dat om 2000 hinne yn see ferdwûn neidat der twa dammen oanlein waarden wêrtroch't de natuerlike dynamyk fersteurd rekke. Eins is itselde bard mei Gryn. Allinnich giet it dêrby mar om ien daam; de Ofslútdyk.

Minskehân

It grut part fan it Waadlânskip is ek troch de minske foarme. "Er is ook veel medegebruik", seit Govers dy't ferwiist nei ûnder oaren de rekreaasje en de gaswinning. Dat is foar de auteurs fan it boek ien fan de saken dy't fierder minsklik yngripen om it eilân net ferdrinke te litten rjochtfeardiget.
Mar ien fan de wichtichste arguminten is de betsjutting foar fûgels. De klikstirns (grote stern) briedt wol yn hieltyd lytsere oantallen op it eilân, mar dat komt mei trochdat der mear geskikte briedlokaasjes bykaam binne op it Waad lykas binnendyks op Teksel.

Briede

En der briede folle mear soarten dy't elts in gebietsje nedich hawwe op Gryn dat foldocht oan harren easken. Ofsjoen fan briedende fûgels binne de platen om it eilân hinne ryk oan fretten lykas garnalen en dat is fan hiel grut belang foar trekfûgels.

Der is gjin twadde Gryn

Benammen foar de sângril (drieteenstrandloper) is it eilân en de romte dêr omhinne hieltyd wichtiger wurden. Der is oait 20 persint fan de hiele wrâldpopulaasje teld. Der is gjin twadde 'Gryn' dat al dy funksjes oernimme kin as je it ferdwine litte, sa litte de ûndersikers witte.