Tsjerke De Lemmer wurdt plak foar Lemsters en autistyske jongelju

De grifformearde tsjerke fan De Lemmer krijt in oare bestimming. It wurdt in mienskipssintrum foar de Lemsters, de GGD komt yn ien fan de tsjerkgebouwen en der komme 16 apparteminten foar autistyske jongelju.
"Lemsters met mooie herinneringen aan deze plaats moeten hier altijd naar binnen kunnen stappen."
It wurdt it twadde saneamde Papagenohûs yn Nederlân. Stichting Papageno Fonds is yn 1996 oprjochte troch dirigint Jaap van Zweden en syn frou, dy't sels in soan mei autisme hawwe. It Papagenohûs helpt autistyske jongelju yn har ûnwikkeling ûnder oaren mei muzykterapy, sport en ûnderwiis.

16 apparteminten 45 plakken

Yn 2015 iepene keninginne Máxima it earste hûs yn Laren. Op De Lemmer komt it twadde. Yn it Papageno Hûs Fryslân komme 16 apparteminten en 45 plakken foar deibesteging foar autistyske jongelju.
Jongeren moeten niet verstopt zitten, maar zich in de maatschappij kunnen ontwikkelen tot zelfstandige mensen.
Christien Kuysters fan Stichting Papageno Fonds
"Wat je hier straks ziet is een altijd bereikbare ruimte voor iedereen", seit Christien Kuysters fan Stichting Papageno Fonds. "Er is een restaurantje met gerechten, bereid door de jongeren in de keuken. Die gaan dat leren en halen daar certificaten mee.
De belangrijkste gedachte achter het Papagenohuis is: jongeren moeten niet verstopt zitten, maar zich in de maatschappij kunnen ontwikkelen tot zelfstandige mensen."
Takomstich gebrûk fan de seal © CU Living
It inisjatyf komt fan de stichting CU Living. Dy hat as doel om minsken en kultuer te ferbinen en dy is hjir fan doel de tsjerkgebouwen yn eare op te knappen.

Eltsenien wolkom

"We herstellen en verduurzamen de monumentale gebouwen en we houden het openbaar toegankelijk en voor het deel eromheen gesloten", leit CU-Living-direkteur Amanda Boesjes út. "Lemsters met mooie herinneringen aan deze plaats moeten hier altijd naar binnen kunnen stappen."
Direkteur Amanda Boesjes
© Omrop Fryslân, Ronnie Porte
Takom simmer hoopje se de ferbouwing fan de tsjerke en de bygebouwen klear te hawwen.