Earste wike sûnder meldingen fan coronadeaden yn Fryslân sûnt begjin oktober

04 jun 2021 - 06:46

Yn Fryslân binne de ôfrûne wike foar it earst sûnt begjin oktober ferline jier gjin meldingen dien fan stjergefallen troch it coronafirus. Dat docht bliken út sifers fan it RIVM. Yn de ôfrûne wike is it tal sikehûsopnamen as gefolch fan it coronafirus yn Fryslân opnij omleech gien. Ferline wike wienen it der 16, dizze wike binne it der 9.

In testlokaasje foar it coronafirus yn Drylts - Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

It tal besmettingen is ek wer omleech gien. De ôfrûne wike wiene it 540, tsjin 674 besmettingen yn de wike derfoar. Mei de nijste sifers komt Fryslân hieltyd tichter by in leger risikonivo fan it RIVM.

De measte besmettingen binne dizze wike meld yn de gemeente Smellingerlân: it giet om 89 besmettingen. Dêrnei folgje Ljouwert mei 87 en Súdwest-Fryslân mei 63 besmettingen.

Omrekkene measte besmettingen op It Amelân

Omrekkene nei it tal ynwenners sjit de gemeente Amelân der boppeút. Dêr wiene de ôfrûne wike 215 besmettingen op 100.000 ynwenners. It giet dêr yn absolute oantallen om 8 besmettingen.

It risikonivo 'ernstig' jildt as der tusken de 100 en de 250 positive testen op 100.000 ynwenners yn de wike fêststeld wurde én as der sprake is fan tusken de 16 en de 27 sikehûsopnamen op 1 miljoen ynwenners de wike.

Mei it coronadashboard fan de oerheid wurdt om de twa wiken bepaald oft in risikonivo yn in Veiligheidsregio ek feroare wurde moat. Op 27 maaie binne der foar it earst twa regio's yn Noard-Hollân offisjeel ôfskaald fan 'zeer ernstig' nei 'ernstig.' Op 8 juny wurdt opnij bepaald oft it risikonivo feroare wurde moat.

Risikonivo RIVM

Mei mear as 250 besmettingen op 100.000 ynwenners is der neffens it RIVM sprake fan 'extreem veel' nije besmettingen. Dat wie yn Fryslân ferline wike foar it earst sûnt tiden net mear it gefal. Fryslân soe dus op it rântsje sitte fan in oar risikonivo, as ek de sikehûssifers trochsette.

As it tal besmettingen yn de wike tusken de 100 en 250 op 100.000 ynwenners leit, is de situaasje 'ernstig'. Dat jildt foar de gemeenten Dantumadiel, Weststellingwerf, Amelân en Smellingerlân.

Yn de gemeenten Flylân en Skiermûntseach binne ôfrûne wike hielendal gjin nije besmettingen fêststeld.

Foto: Omrop Fryslân

Mear as 43.000 Friezen hawwe corona hân

Mei de 540 positive testen fan de ôfrûne wike is no yn totaal by 43.348 Friezen it coronafirus fêststeld.

Om't der dizze wike yn Fryslân gjin coronastjergefallen fêststjeld binne, bliuwt it offisjele stjertesifer yn ferbân mei it firus yn ús provinsje op 475 stean. It werklike tal stjergefallen as gefolch fan it firus leit heger, om't net elkenien test wurdt. Dêrom is net fan elk stjergefal bekend oft dat oan it firus lei of net.

Sjoch foar mear sifers en foar grafiken oer it coronafirus op ús dossierside.

Tal besmettingen en stjergefallen de wike

WIKE BESMETTINGEN STJERGEFALLEN
28 maaie - 3 juny 540 0
21 maaie - 27 maaie 674 2
14 maaie - 20 maaie 927 3
7 maaie - 13 maaie 1.129 3
30 april - 6 maaie 1.177 4
23 april - 29 april 1.358 4
16 april - 22 april 1.505 1
9 april - 15 april 1.470 6
2 april - 8 april 1.533 4
26 maart - 1 april 1.651 7
19 maart - 25 maart 1.666 10
12 maart - 18 maart 1.611 10
5 maart - 11 maart 1.180 16
26 febrewaris - 4 maart 1.162 19
19 febrewaris - 25 febrewaris 1.350 21
12 febrewaris - 18 febrewaris 1.129 39
5 febrewaris - 11 febrewaris 1.207 41
29 jannewaris - 4 febrewaris 1.181 30
22 jannewaris - 28 jannewaris 1.310 29
15 jannewaris - 21 jannewaris 1.592 20
8 jannewaris - 14 jannewaris 1.529 18
1 jannewaris - 7 jannewaris 1.697 17
25 desimber - 31 desimber 1.644 19
18 desimber - 24 desimber 1.804 5
11 desimber - 17 desimber 1.384 6
4 desimber - 10 desimber 974 4
27 novimber - 3 desimber 703 9
20 novimber - 26 novimber 672 13
13 novimber - 19 novimber 720 17
6 novimber - 12 novimber 561 6
30 oktober - 5 novimber 838 8
23 oktober - 29 oktober 926 9
16 oktober - 22 oktober 1.051 5
9 oktober - 15 oktober 1.160 2
2 oktober - 8 oktober 666 0
25 septimber - 1 oktober 515 0
(Advertinsje)
(Advertinsje)