Lestige twadde dei foar sylster Marit Bouwmeester; Laila van der Meer noch oan kop

03 jun 2021 - 23:07

De twadde syldei fan de Allianz Regatta yn Medemblik is lestich ferrûn foar Marit Bouwmeester. De simmerske omstannichheden soargen op de Iselmar foar in ûnbestindige wyn. Bouwmeester sakke fan it tredde nei it njoggende plak yn it klassemint nei fjouwer races. Se kaam as 38e (skrasresultaat) en 20e binnen.

Marit Bouwmeester - Foto: ANP

Der wurde dizze wike acht wedstriden syld yn Medemblik. De beste sylsters kwalifisearre harren dêrnei foar de saneamde medalrace, wêryn't syld wurdt om dûbelde punten.

Mirthe Akkerman fan Akkrum docht ek mei yn de Laser Radial. Sy leit nei de twadde dei 26e. Marissa IJben stiet op it 46e plak.

Van der Meer liedt Nacra 17

Yn de Nacra 17 is it earste plak nei twa dagen noch altyd foar Laila van der Meer út Grou en Bjarne Brouwer. Sy kamen yn hast alle wedstriden as earste oer de einstreek.

Manljusklasse

Willem Wiersema en Thomas Westerhof dogge by de manlju mei yn de ILCA7-klasse (Laser Radial). Wiersema stiet nei twa dagen op it 32e plak en Westerhof beset it 56e plak.

(Advertinsje)
(Advertinsje)