Gaswinning op It Amelân tydlik stillein om ûnfeilige wurksituaasje

De gaswinning fan de NAM op It Amelân is de earste wiken fan maaie út feilichheid stillein. Dat hat it Staatstoezicht op de Mijnen (SodM) tongersdei bekend makke. Ynspekteurs stelden flinke korroazje fêst by de kuolynstallaasje fan de lokaasje, wêrtroch't der neffens de tafersjochhâlder 'ernstig gevaar' foar de wurknimmers ûntstien wie.
© Staatstoezicht op de Mijnen
Op 28 april waard de gaswinning stillein. Troch de korroazje oan de kuolynstallaasje koene der stikken falle op de wurknimmers dy't der ûndertroch rûnen. Ek wiene liedingen ferfoarme wat liede koe ta lekkaazje, mei bedwelming en ûntploffing ta gefolch. SodM hat de ynstallaasje fuortendaliks stillein.
Yn de wiken dêrnei hat de NAM feilichheidsmaatregels troffen. Om oan de foarskriften te foldwaan is der in stek om de ynstallaasje hinne set en in sensor pleatst om de gasproduksje út te skeakeljen by lekkaazje.
Direkteur Johan Atema jout yn in reaksje oan dat feiligens by de NAM altyd foarop stiet. "Daarom is het goed dat dit inspectierapport ons helpt onze werkzaamheden nog veiliger uit te voeren. Wij zullen uiteraard, in nauwe afstemming met SodM, de geconstateerde problemen verhelpen."
De stillizzing is op 12 maaie wer opheft. It bedriuw moat fan it SodM de kuolynstallaasje foar 1 septimer yn goede steat fan ûnderhâld bringe.
© Staatstoezicht op de Mijnen