Olympysk ticket foar Epke Zonderland stiet faai, no't toernoai yn Doha dochs trochgiet

03 jun 2021 - 20:07

Epke Zonderland hie it ticket foar de Olympyske Spelen eins al yn hannen, mar troch in nij toernoai moat de turner de kommende wiken dochs noch even neilbite. De World Cup-wedstriid yn Doha yn Katar, dy't yn maart net trochgie fanwege corona, wurdt ein juny dochs noch holden.

Epke Zonderland - Foto: ANP

Dêrtroch hat de grutste konkurrint fan Zonderland, de Japanner Hidetaka Miyachi, wer kâns om oer de Lemster hinne te gean yn de olympyske ranglist.

Earder dit jier tocht Zonderland it ticket al binnen te hawwen. Miyachi stie net ynskreaun foar de wrâldbekerwedstriid yn Doha, wêrtroch't hy gjin goai mear dwaan koe nei de Spelen. No is it noch even ôfwachtsjen oft de Japanner him wol ynskriuwt foar it toernoai ein juny.

(Advertinsje)
(Advertinsje)