FIDEO: Verwisseling begjint as earste skûtsje ea oan alvestêdetocht

De alve Fryske stêden kinst by del op in grut ferskaat oan manieren: bygelyks op redens, de fyts of mei in oldtimer. Mar yn dat listje ûntbrekt miskien wol de meast Fryske wize om de meunstertocht te folbringen, en dat is mei in skûtsje. De bemanning fan it skûtsje Verwisseling sil it de kommende fjouwer dagen besykje, mar foar it earste stimpelplak yn Starum hiene se al in grutte tsjinslach te pakken.
Alvestêdetocht mei skûtsje úteinset