Soarchgroep Antonius minder yn de plus fanwege covid

03 jun 2021 - 17:46

De Antoniussoarchgroep hat ferline jier ôfsletten mei in posityf risseltaat fan 2,5 miljoen euro. Under de soarchgroep falle it Antoniussikehûs yn Snits, it sikehûs yn Emmeloord en Thússoarch Súdwest-Fryslân.

It Antonius Sikehûs yn Snits - Foto: Omrop Fryslân, Jitze de Vries

It positive resultaat komt mei troch gearwurkingsôfspraken mei oare soarchorganisaasjes. It resultaat hie noch better wêze kinne as der gjin coronapandemy west hie. Want dêr wie de Antoniussoarchgroep ferline jier flink wat jild oan kwyt.

Corona drukt de plus


Nettsjinsteande de coronadrokte dochs yn de plus. Hoe kin dat? Oare jierren einige de soarchgroep ek yn de plus, mar troch corona foel dy plus yn 2020 leger út as oare jierren. Dat seit Marcel Kuin, foarsitter fan de Antoniussoarchgroep.

Kuin leit út: troch corona lizze der minder minsken yn it sikehûs as it giet om reguliere, net-covid pasjinten en dus binne der minder ynkomsten. Fierders binne der mear kosten troch bygelyks mûlkapkes en oare ekstra beskermingsmiddelen.

Thússoarch docht it goed


Dêr stiet foaroer dat de thússoarch it krekt hiel goed docht. De meiwurkers dêr hawwe in soad te dwaan, omdat minsken minder gau nei it sikehûs gean en as se der al lizze, gauwer as oars wer nei hûs ta moatte. De thússoarch moat de fersoarging dan oernimme. Dus Thússoarch Súdwest-Fryslân hat wol goed buorke.

Finansiële ûnsekerheden foar de takomst binne der net, mei troch kontinuearring fan de ryksstiperegeling, neffens Kuin.

Ynhelslach


Yn it ofrûne jier hat soarchgroep Antonius 10 prosint fan de gewoane soarch net jûn. Dus 90 prosint wol. Dit jier sitte se oant no ta noch net heech: 60 oant 70 prosint wol ferliende soarch en dus 40 oant 30 prosint net.

De ferwachting is dat dat getal wol heger wurdt as de pandemy mear op syn retoer is. Nei de simmer kin der in ynhelslach makke wurde, ferwachtet Kuin. Al duorret it wol oant takom jier foardat se wer op it normale nivo sitte.

Syktefersom


Fierders is it syktefersom ûnder meiwurkers heger as oars. Dat komt troch corona en de hegere wurkdruk. No is it krekt te dwaan, mar it hie net folle fierder gean moatten, sa beslút Kuin syn ferhaal.

(Advertinsje)
(Advertinsje)