Rigtje (90) út Dokkum folget noch alle wiken gymnastykles

03 jun 2021 - 17:24

In bytsje sûn âld wurde, wolle wy allegearre wol. Mar dêrfoar moatte jo wol yn beweging bliuwe. Dat hoege jo oan Rigtje Hoekstra-Broekema fan Dokkum net út te lizzen. Ferline wike waard se njoggentich jier, mar noch altyd docht se mei oan de groepslessen fan de pleatslike turn- en gymnastykferiening.

Rigtje docht noch altyd mei oan de groepslessen

Hoekstra-Broekema docht mei oan de 60-plus groepslessen fan de feriening yn Dokkum. De fanatike sportfrou is al mear as fyftich jier lid fan de feriening. Mei har njoggentich jier is sy it âldste lid yn Dokkum, mar se sport noch hieltyd mei in soad wille.

"Ik heb het altijd mooi gevonden", fertelt de 90-jierrige Rigtje. "Je praat eens even met elkaar en je ziet elkaar weer; je bent er even helemaal uit. Ik ben maar alleen, mijn man leeft niet meer. Anders zit ik hele dagen alleen, maar nu ben ik er echt even uit."

Foto: Omrop Fryslân, Mats Gies
(Advertinsje)
(Advertinsje)