FUMO kontrolearret ynkoarten gers op fersmoarging troch brân Noardburgum

03 jun 2021 - 16:33

Alle boeren dy't troffen binne troch de brân by houthannel Van der Wal yn Noardburgum krije ynkoarten kontrôle fan de provinsjale miljeutsjinst FUMO. Der wurdt dan ûndersocht oft it gers op harren lân al of net geskikt is as feefoer.

Kontrôle op fersmoarging gers

Is it fersmoarge, bygelyks mei stikjes sinnepaniel, dan wurdt dat rapportearre oan de NVWA. Dat moat om't it in gefaar foarmet foar de folkssûnens en it bistewolwêzen. De belutsen gemeenten ha dat mei inoar ôfpraat.

Sa'n ûndersyk is nedich om ek foar de takomst goed op papier te hawwen wat der krekt bard is en hoe grut oft de skea is. It gers dat fersmoarge is, moat ôffierd wurde, sa seit boargemaster Jeroen Gebben fan Tytsjerksteradiel. "Mei it each op it bistewolwêzen is dat al needsaaklik. It earste advys dat wy de freeds nei de brân útjûn ha, jildt noch: brûk it gers net en fier it ôf."

Gers apart sette

Dochs binne guon boeren al drok dwaande mei it fan it lân heljen fan it gers. Dat is ek sa by de famylje Van der Meer fan Twizelerheide. "Ja, wat moatte je oars? We sette it apart en wachtsje ôf wat we der mei kinne", seit Hillie van der Meer.

De skea rint foar har yn de tûzenen euro's. "It is al gau tusken de 60 en 80 euro foar sa'n kulepak. As je dan je earste sneed net brûke meie, dêr't in soad fiedingsstoffen ynsitte, moatte je al gau byfuorje. Dat kostet ek jild. Mar, kinne we de twadde sneed eins wol brûke? Dat witte we ek net."

Bettere protokollen

Oan dy ûndúdlikens foar de boeren moat gau in ein komme, fynt Femke Marije Wiersma fan de BoerBurgerBeweging. Sy fynt dat der spesjale protokollen komme moatte foar sinnepanielbrannen. "Dy binne der al foar asbestbrannen. Je sjogge dat hjir sa'n selde trajekt oan hinget. Dan moatte je ek hjir dúdlikens jaan kinne. It moat goed omskreaun wurde hokker stappen je sette moatte en hoe't it komt mei de skea fan de troffen boeren."

Foto: Omrop Fryslân, Hayo Bootsma

Se kriget stipe fan boargemaster Gebben. Hy wol mei de foarsitter fan Veiligheidsregio Fryslân, Sybrand Buma, en LTO Nederlân, yn de pinne om by de minister fan Ekonomyske Saken te pleitsjen foar in goed protokol.

"Dit heakket wol. Om asbest hinne is alles goed regele, mar hjir sjogge je dat op it mêd fan sertifisearring en fersekering fan de sinnepanielen in soad net dúdlik is. En ek as je gefolchskea ha, wat dy boeren ha. Want je sille mar boer wêze. Der moat in skeafûns komme dêr't je eventueel út putte kinne."

(Advertinsje)
(Advertinsje)