HEA! Motorkoereur Mariska libbet foar it racen

03 jun 2021 - 15:37

Motorkoereur Mariska van Wijngaarden fan De Westereen hat yn har libben al hiel wat foar de kiezzen krigen. Al betiid yn har libben waard se dôf en as tiener krige se ek noch lymfeklierkanker. Mar Mariska is in trochsetter en kaam de sykte te boppe. No is se ien fan de pear froulike motorkoereurs yn in typysk mannewrâldsje. It racen jout har in hiel soad. Se traint op it TT-sirkwy yn Assen om klear te wêzen as de wedstriden wer begjinne.

HEA! Motorkoereur Mariska

(Advertinsje)
(Advertinsje)