RIVM meldt 52 nije coronabesmettingen yn Fryslân

Der binne yn Fryslân yn de ôfrûne 24 oeren 52 nije coronabesmettingen registrearre. Dat meldt it RIVM. Dat binne der 33 minder as woansdei. Doe gie it om 85 besmettingen.
It deistige tal besmettingen fan de lêste trije wiken (komt de grafyk net goed yn byld, klik dan hjir):
Yn trochsneed binne yn de ôfrûne wike deis 77 besmettingen registrearre.
De measte nije besmettingen binne meld yn de gemeenten Hearrenfean en Ljouwert (elk 7). Dêrnei komme de gemeenten Smellingerlân, Súdwest-Fryslân en De Fryske Marren mei elk 5.
Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren gjin nije stjergefallen meld as gefolch fan it coronafirus. Der is ien persoan mei it coronafirus yn it sikehûs opnaam. It giet om in ynwenner fan de gemeente Noardeast-Fryslân.
It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):
Lanlik binne 2.803 nije coronagefallen registrearre. Woansdei gie it lanlik om 2.602 nije gefallen.
Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op omropfryslan.nl/corona.